Steggerda

Ut Wikipedy
Steggerda
Himrik fan Steggerda
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 50
Ynwenners (2007) 1.114
Huzen 430
Koördinaten 52° 51' NB, 6° 4' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8395
Webstee www.steggerda.info
Sint Frederikustsjerke yn Steggerda

Steggerda (Stellingwerfsk: Steggerde) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdeastlik fan Wolvegea oer de Linde. It doarp hat likernôch 1.111 (2008) ynwenners. It heart dêrmei kwa ynwenners en kwa oerflakte by de grutte doarpen fan Westellingwerf. Der binne twa doarpskearnen, te witten Steggerda Tsjerke, grinzjend oan Pepergea en Steggerda Feart.

Yn de Midsiuwen ûntstie "Steggerden" op de linkerouwer fan De Linde. De Stellingswerfske foarm fan Steggerda is Steggerde, sliten fan it eardere "Steggerden", ek wol as "Steckarden" skreaun. Steg is ôflaat fan stigen, yn oarsprong is steg in ferhege paad troch in leechlizzend of sompich stik grûn. It twadde lid gerden betsjut omsletten romte of erde = eert ofwol greide.

Steggerda Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steggerda Tsjerke is in Roomske mienskip dy't yn 1580 al aktyf wie yn in lytse tsjerke oan de Overburen. Oan it begjin fan de 20e iuw waard de tsjerke ferpleatst nei de Pepergeawei, de roomske Sint-Frederikustsjerke. Fierders skaaimerket dizze buorren him troch nijbou en in roomsk-katolike basisskoalle: Frederikus.

Steggerda Feart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ungefear in kilometer eastliker fan Steggerda Tsjerke leit de twadde kearn mei in Nederlânsk herfoarme tsjerke oan de Kosterwei en basisskoalle De Triangel. Yn 2007 is de kristlike skoalle De Reinbôge sluten. It âlde molkfabryk, dat letter brûkt waard as feilinghûs is yn de simmer fan 2007 sloopt om plak te meitsjen foar wenten. Ek is der in Harley-Davidson winkel te finen, inkele bedriuwen en pleatsen.
Op de hoeke fan de Steggerdawei/Mulderstrjitte stiet in mânske swerfstien op in sokkel dy 't 200.000 jier lyn oanfierd waard út Skandinaavje yn de tredde iistiid.

Krekt bûten de buorren stiet in Saksyske pleats, in East- en Weststellingwerf steane noch mar in fjouwertal fan dit pleatstype, twa yn Aldeberkeap, ien yn Boyl en de lêste stiet yn Steggerda. Dy is, yn tsjinstelling ta de oaren, noch yn goede steat bewarre bleaun. De yn 1731 boude pleats wurdt al dy tiid bewenne troch de famylje Homma. De hjoeddeiske generaasje produsearret en ferkeapet yn it skuorregedielte iis ûnder de namme 'De Saks'.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening foar doarpsbelang hat syn gearkomsten yn It Anker.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Slach '87 - tennis
  • Forward - kuorbal
  • Foarútgong - iisclub
  • folleybalferiening
  • De Bûtenbieners - karnaval
  • De Grensruiters - hynsteriden
  • Crescendo - muzyk

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppewei, Bûtenwei, C Westerveldstrjitte, Ericawei, H Deddenstrjitte, Liemwei, Mulderstrjitte, Nije Boppewei, Oerbuorren, Pastoar Schuttestrjitte, Pepergeawei, Rûne Menning, Schokkersfean, Steggerdawei, Tjalling Nijkstrjitte, Turfhoekewei, Feartwei, Westfjirdeparten, Suderwei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)