Sint-Frederikustsjerke (Steggerda)
Sint-Frederikustsjerke (Steggerda) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Steggerda | |
koördinaten | 52° 51' N 6° 03' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Freark fan Utert | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Wolter te Riele | |
boujier | 1921 | |
boustyl | neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 508652 | |
Webside | ||
Petrus en Paulusparochy | ||
Kaart | ||
De Sint-Frederikustsjerke is in roomske parochytsjerke yn Steggerda. Under de parochy falle njonken Steggerda ek de doarpen Blesdike, De Blesse, Pepergea, Finkegea en De Hoeve.
De patroanhillige fan de tsjerke is Sint-Frederikus.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It monumintale tsjerkegebou ferfong in skûltsjerke út 1839, dy't oan 'e Oerbuorren (Overburen) stie en dêr't noch resten fan it tsjerkhôf oanwêzich binne.[1] De parochy foel doe noch ûnder Oldemarkt en waard pas yn 1851 selsstannich.[2]
De trijeskippige neogoatyske krústsjerke út 1922 en de njonken steande pastorije, waard ûntwurpen troch de arsjitekt Wolter te Riele, dy't earder ek de neogoatyske Sint-Odulfustsjerke yn Bakhuzen ûntwurp.
Ut de âlde skûltsjerke stamme de preekstoel, it doopfont, it haadalter en in pear bylden fan hilligen. De rest fan it ynterieur datearret út de boutiid of letter.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hie al in oargel yn 'e skûltsjerke, dat yn juny 1885 ferkocht waard. Sûnt 1894 wie der in kammenetoargel, dat kocht wie fan Klaas Otter út Aldskoat. Dat foldie net en yn 1903 waard in harmoanium oanskaft. Wer twintich jier letter waard in oargel út 1901 fan Leyer oerkocht fan de parochytsjerke yn Oosterbeek. Dat oargel waard yn 1967 troch de firma Eibertse restaurearre.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Zuiderkerk (Rotterdam)
|