Finkegea
Finkegea | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Weststellingwerf |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | 23 |
Ynwenners (2017) | 197 |
Huzen | 79 |
Koördinaten | 52° 52' NB, 6° 7' EL |
Netnûmer | 0561 |
Postkoade | 8393 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Finkegea is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdwest fan Noardwâlde. It doarp hat likernôch 206 ynwenners (2007). Yn it doarp wurdt meast Stellingwerfsk praten. Der binne 79 wenningen, in tsjerke en in maneezje. De "Finkehoeve" is in groepsakkomodaasje mei tal fan fasiliteiten foar toeristen
Yn 1973 waard yn Finkegea de Nederlânske Feriening foar Frijwillige Eutanasy (NVVE) oprjochte.
Ferklearring namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Finke soe leech feanlân betsjutte kinne, mar yn Midden-Nederlân is in fink ek in minne turf. Tal fan plaknammen yn âlde feanstreken yn Nederlân binne gearstald mei ‘fink’. ‘Fink’ yn de betsjutting fan ‘lichte feansoarte’ wêrút ‘lichte turf’ makke waard. Dat de namme hat neat te krijen mei de fink as fûgel. It leit yn de reden dat Finkegea, ea lizzend tusken hege feanen lâns de provinsjegrins en de feangrûnen yn it dal fan de Linde, syn namme ûntliend hat oan de feanterij.
Yn de âldste oarkunden wurdt de plaknamme skreaun mei de begjinletter ‘F’, wat komd wêze kin troch de ynfloed fan it Frysk, wêryn't de ‘f’, de ‘v’ ferkringt.
It doarp is ea ‘Nije-Steggerden’ neamd as tsjerklik ôfhinklik fan it âldere Steggerda.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


It doarp hat gjin echte kearn, de measte minsken wenje in ein út inoar. Op earste peaskedei wurdt alle jierren in peaskefjoer makke.
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Finkegea.
Anno 2018 is de tsjerke kocht troch Stichting Behoud Finkegea en sil it gebou nei restauraasje fan de bûtenkant as mienskipshûs brûkt wurde. [1]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Noardwâlderwei, Schoollaan, Westvierdeparten, Suderwei.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: Wolvegea | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert | |
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) |