Springe nei ynhâld

Finken

Ut Wikipedy
Finken
Skelfink
Skelfink
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje:(Passeroidea)
famylje:finkfûgels (Fringillidae)
skaai:finken (Fringilla)
Linnaeus, 1758

Finken binne ynsekten- en sieditende sjongfûgels fan it skaai Fringilla. De belangrykste en bekendste soarten binne de skelfink (Fringilla coelebs) en de kwêkfink (Fringilla montifringilla). Yn rommere sin wurde ûnder "finken" alle fûgels fan de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae) begrepen.

Tradisjoneel bestiet it skaai út trije soarten: de skelfink, de kwêkfink en de blaufink. De lêstneamde, dy't allinne op 'e Kanaryske Eilannen foarkomt, waard yn 2016 op basis fan ûndersyk opsplitst yn 'e Grankanaryske fink en de blaufink fan Teneryf. De stúdzjes toanden ferskillen yn genetika, sang en uterlik oan. In folgjende stúdzje op basis fan molekulêr ûndersyk toande yn 2021 oan dat der grutte ferskillen binne tusken de ûndersoarten fan 'e skelfink op 'e ferskillende eilannen en yn Noard-Afrika. Dêrom folge in nije yndieling fan 'e finken yn acht ferskillende soarten.

De acht soarten binne allegear likernôch like grut (14 oant 18 sm) en ferskille net in soad fan inoar.

Mantsje ♂Wyfke ♀Fryske
namme
Wittenskiplike
namme
FerspriedingsgebietStatus
Kanaryske finkFringilla canariensisKanaryske Eilannennoch net beöardiele*
SkelfinkFringilla coelebsEuropa, West-Aazje,
Noard-Afrika
net bedrige
MadearafinkFringilla maderensisMadearanoch net beöardiele*
kwêkfinkFringilla montifringilla Europa, Aazjenet bedrige
AzoarenfinkFringilla morelettiAzoarennoch net beöardiele*
Grankanaryske blaufinkFringilla polatzekiGran Kanariabedrige
Afrikaanske finkFringilla spodiogenysNoard-Afrikaûnbekend
Teneryfske blaufinkFringilla teydeaTeneryfgefoelich

(*) Om 't de IUCN de fûgel noch as in ûndersoarte behannelet is de status noch net beöardiele.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Finken fan Wikimedia Commons.