Springe nei ynhâld

Sjongfûgels

Ut Wikipedy
sjongfûgels
In grienstútmiggesnapper (Eopsaltria australis).
In grienstútmiggesnapper (Eopsaltria australis).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
Linnaeus, 1758

De sjongfûgels (wittenskiplike namme: Passeri, syn. Oscines) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Dit is in kloft fan 5.339 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 129 famyljes. De sjongfûgels binne oer it algemien fan in frij behindige lichemsgrutte en hawwe in kosmopolityske fersprieding. In ûnderskiedend skaaimerk is harren sterk ûnwikkele fermogen ta it produsearjen fan fûgelsang. De sustergroep fan 'e sjongfûgels wurdt foarme troch de krytfûgels (Tyranni of Suboscines), dy't yn har fersprieding foar it meastepart beheind binne ta de Nije Wrâld. Mei-inoar foarmje de beide ûnderskiften de rangleaze klade fan 'e sjongfûgeleftigen (Eupasseres), dy't op in pear tige ôfwikende soarten nei it hiele skift fan 'e moskeftigen omfettet.

De sjongfûgels waarden al yn 1758 as taksonomyske yndieling yntrodusearre troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e tige ynfloedrike tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. De wittenskiplike namme Passeri ferwiist nei de mosk (Passer domesticus), dy't yn it Latyn passer neamd wurdt. De term Oscines wurdt gauris as in wittenskiplik synonym foar dizze groep brûkt. Dy namme komt fan it Latynske oscen, dat "sjongfûgel" bestjut.

Tsjintwurdich foarmje de sjongfûgels ien fan 'e trije ûnderskiften dêr't it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) yn ferdield is. De oare beide ûnderskiften binne de rotstomke-eftigen (Acanthisitti) en de krytfûgels (Tyranni of Suboscines). De rotstomke-eftigen binne yn har fersprieding beheind ta Nij-Seelân en omfetsje mar twa libbene en fiif resint útstoarne soarten yn ien inkele famylje. Molekulêre analyze hat oantoand dat sy de âldste kloft moskeftigen fertsjintwurdigje, dy't yn genetysk opsjoch op in distânsje stiet fan 'e oare beide ûnderskiften. De sjongfûgels en de krytfûgels foarmje mei-inoar de rangleaze klade fan 'e sjongfûgeleftigen (Eupasseres), dy't it sustertakson fan 'e rotstomke-eftigen is. Binnen de sjongfûgeleftigen binne de krytfûgels de sustergroep fan 'e sjongfûgels.

In lytse swartkop (Curruca melanocephala).

It ûnderskift fan 'e sjongfûgels is sels opdield yn seis ûnderskate tuskenskiften. Ien dêrfan, it tuskenskift fan 'e lierfûgeleftigen (Menurides), stiet wat fierder fan 'e oare fiif ôf. Dy oare fiif binne de prieelfûgeleftigen (Climacterides), de stobberinnereftigen (Othonychides), de huningitereftigen (Meliphagides), de krie-eftigen (Corvides) en de echte moskeftigen (Passerides). Hja foarmje mei-inoar de rangleaze klade fan 'e echte sjongfûgels (Euoscines), dat de sustergroep is fan 'e lierfûgeleftigen.

De oarsprong fan 'e sjongfûgels foel gear mei de skieding fan 'e súdlike wrâlddielen yn it Ier-Eoseen, sa'n 50 miljoen jier lyn. Dêrtroch rekken se yn Austraalje isolearre fan 'e krytfûgels (Tyranni of Suboscines) yn Súd-Amearika. Yn Austraalje ûntjoegen sjongfûgels har ta in grut ferskaat oan foarmen. In wichtige tûke fan dy kloft, it lytsskift fan 'e moskfûgeleftigen en sibben (Passerida), fersprate him sa'n 40 miljoen jier lyn út Austraalje wei oer Jeraazje en Afrika. Neitiid fûn der in yngeande biogeografyske ferminging plak wêrby't sjongfûgels út it noarden wer nei it suden giene, oaren út it suden foar it earst nei it noarden kamen en wer oaren de Nije Wrâld wisten te berikken.

In skyldraven (Corvus albus).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sjongfûgels binne oer it algemien lytseftige fûgeltsjes, hoewol't ta dizze kloft ek de krieën hearre. Under dy groep falle de beide grutste moskeftigen, de groubekraven (Corvus crassirostris) út 'e Hoarn fan Afrika en de gewoane raven (Corvus corax), dy't beiden mear as 70 sm lang en 11/2 kg swier wurde kinne. Der bestiet in grut ferskaat oan ferskiningsfoarmen, en it fearrekleed fan sjongfûgels hat faak (mar net altyd) felle kleuren. Seksuele dimorfy komt by in protte soarten yn hege mjitte foar, mar is by oare soarten (frijwol) ôfwêzich.

De measte sjongfûgels hawwe in omnivoar dieet, wat betsjut dat se sawol bisten as planten frette. By de bisten giet it dan almeast om ynsekten, oare lidpoatigen, wjirms en oar lyts wringeleas dierte, hoewol't kriefûgels faak ek lytse sûchdieren en reptilen en fral ek ies frette. Oare soarten sjongfûgels binne strikt ynsektivoar, wat sizze wol dat se inkeld ynsekten frette. De piken fan sjongfûgels binne nêstbliuwers, dy't blyn, keal en helpleas út it aai komme. Se hawwe dêrom ferlet fan yngeande soarch fan 'e âlden.

De sang fan it gealtsje (Luscinia megarhynchos).
De sang fan 'e readboarstlyster (Turdus migratorius).
De Wikipedy hat ek in side Fûgelsang.

Sjongfûgels steane bekend om harren sang, in skaaimerk dêr't se ek nei ferneamd binne. Fan alle fûgels hawwe de sjongfûgels de bêste behearsking oer de spieren dy't de syrinks oanstjoere (it stimorgaan fan fûgels), en sadwaande kinne se in grut ferskaat oan sang fuortbringe. Guon fûgels, lykas de ljurk (Alauda arvensis) en it gealtsje (Luscinia megarhynchos), steane dêr by útstek om bekend. Oaren, lykas de ferskate soarten krieën, bringe ek in grut ferskaat oan lûden fuort, mar dy klinke foar it minsklik gehoar alhiel net muzikaal en wurde omskreaun as 'krassen'. Guon soarten, lykas de lierfûgels (Menuridae) út Austraalje, binne earsten neibearders, dy't net inkeld de sang fan oare fûgelsoarten imitearje kinne, mar ek sekuer lûden neidwaan kinne dy't net fan natuere foarkomme, lykas in startende auto of in keatlingseage.

De sang fan sjongfûgels is yn it foarste plak territoriaal, mei't it de identiteit en de lokaasje oerbringt fan it yndividu dat it lûd uteret. De fûgel seit dus yn wêzen: "Hjir bin ik," wat foar rivalen fan itselde geslacht en deselde soarte safolle betsjut as: "Dit territoarium is beset." Dêrnjonken tsjinnet deselde sang foar soartgenoaten fan it oare geslacht as lokrop by wize fan sykjen nei in pearingspartner. Dit sangrepertoire moat net betize wurde mei oare roppen mei in spesifike betsjutting, lykas alaarmroppen yn it gefal fan 'e oanwêzigens fan rôfdieren, dy't by sjongfûgels trouwens ek tige melodieus klinke. Oare fûgels produsearje ek wol fûgelsang om harren territoarium ôf te beakenjen en partners te lokjen, mar benammen by net-moskeftigen giet it dêrby oer it algemien om ienfâldige, monotoane en werheljende roppen, lykas it oehoejen fan ûlen, it roekoejen fan dowen of it kreakjen fan teaperts. Sokke lûden ûntbrekt it oan 'e fariëteit fan lûd en toanhichte dy't karakteristyk is foar de sang fan sjongfûgels.

De famyljes út 'e ûndersteande klassifikaasje binne deselden dy't erkenning genietsje fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU). De ferdieling yn tuskenskiften, lytsskiften en boppefamyljes folget de fylogenetyske analyze dy't yn 2019 publisearre waard troch Carl Oliveiros et al.

(N.B.: de oantallen soarten binne rûchwei, fral by de gruttere famyljes.)

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.