Springe nei ynhâld

Moskeftigen

Ut Wikipedy
moskeftigen
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang:súdfûgels (Australaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
Linnaeus, 1758

De moskeftigen (wittenskiplike namme: Passeriformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves). Mei 148 famyljes en 6.746 identifisearre soarten (teljier: 2025) is dit fierwei it grutste fûgelskift, dat sa'n 60% fan alle likernôch 11.000 fûgelsoarten omfiemet. It befettet ek fan alle kladen fan op lân libjende wringedieren it grutste ferskaat oan uterlike foarmen. Nettsjinsteande dat binne de moskeftigen nei alle gedachten ien fan 'e jongste groepen fûgels, dy't har wierskynlik yn it Let-Paleoseen of it Ier-Eoseen (59–40 miljoen jier lyn) op it súdlik healrûn ûntjûn hawwe. Tsjintwurdich hawwe de moskeftigen in kosmopolityske fersprieding.

Ien fan wichtichste skaaimerken fan dizze fûgels is dat de poaten anisodaktyl binne, wat sizze wol dat der trije teannen foarút wize en ien efterút. Dat is in handige konfiguraasje om op in tûke te sitten, en yn oare talen wurdt dêr yn 'e namme fan moskeftigen ek wol nei ferwiisd (bgl. Nederlânsk roestvogels of Ingelsk perching birds). De measte moskeftigen hawwe in omnivoar of ynsektivoar dieet. Taksonomysk is it skift opdield yn trije ûnderskiften: de inkeld yn Nij-Seelân libjende rotstomke-eftigen (Acanthisitti), de krytfûgels (Tyranni), dy't yn har fersprieding foar it meastepart beheind binne ta de Nije Wrâld, en de mear algemien foarkommende sjongfûgels (Passeri).

De moskeftigen waarden as skift al yn 1758 yntrodusearre troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e tige ynfloedrike tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. De wittenskiplike namme dy't er foar dizze fûgels betocht, Passeriformes, is in gearlûking fan twa Latynske wurden: passer, dat "mosk" betsjut, en formis, mei de betsjutting "foarme (as)".

In mosk (Passer domesticus).

It skift fan 'e moskeftigen bestiet anno 2025 út 6.746 identifisearre soarten (wêrfan't teminsten 22 relatyf resint útstoarn binne). Dat komt del op sa'n 60% fan alle likernôch 11.000 fûgelsoarten, en de moskeftigen foarmje sadwaande fierwei it grutste fan alle fûgelskiften. Se omfiemje fan alle kladen fan op lân libjende wringedieren ek it grutste ferskaat oan uterlike foarmen.

De soarten binne ferdield oer 148 famyljes en trije ûnderskiften: de rotstomke-eftigen (Acanthisitti), de krytfûgels (Tyranni of Suboscines) en de sjongfûgels (Passeri of Oscines). De rotstomke-eftigen of Nijseelânske tomke-eftigen binne petiterich lytse fûgeltsjes dy't yn harren fersprieding beheind binne ta Nij-Seelân. It is mar in lyts groepke fan twa libbene en fiif resint útstoarne soarten yn ien inkele famylje. De krytfûgels foarmje in groep fan persiis 1.400 soarten (teljier: 2025) ferdield oer 18 famyljes. Utsein de famyljes dy't ûnderbrocht binne yn it tuskenskift fan 'e krytfûgels fan 'e Alde Wrâld (Eurylaimides), libje se inkeld yn Noard- en Súd-Amearika. De mear algemien foarkommende sjongfûgels (Passeri of Oscines) foarmje de grutste groep, mei 5.339 soarten yn 129 famyljes.

In rotstomke (Xenicus gilviventris) út Nij-Seelân.

De evolúsjonêre ûntwikkeling fan 'e moskeftigen en de relaasjes tusken de ûnderskate famyljes yn it skift bleau oant yn 'e lette tweintichste iuw wakker riedselich. Oant dy tiid waarden de moskeftigen gearklofte op basis fan morfologyske (uterlike) skaaimerken dy't, sa is no bekend, foar in grut diel it gefolch binne fan konverginte evolúsje ynstee fan in neie genetyske konneksje. Om in foarbyld te jaan: de tomkefûgels (Troglodytidae) fan Jeraazje en de Nije Wrâld, de elfkefûgels (Maluridae) fan Austraalje en de rotstomkefûgels (Acanthisittidae) fan Nij-Seelân sjogge der min ofte mear itselde út en hâlde en drage har op gelikense wize, mar se binne hielendal net nau besibbe en hearre ta tige ferskillende dielen fan it skift fan 'e moskeftigen. Feitliks is it sa dat de neamde groepen sa min oaninoar besibbe binne as binnen ien-en-itselde skift mar mooglik is.

Foarútgong yn 'e molekulêre biology en bettere paleobiogeografyske gegevens leveren stadichoan in dúdliker plaatsje op fan 'e oarsprong en evolúsje fan 'e moskeftigen. Dêrtroch waarden molekulêre oerienkomsten, morfologyske likenissen en opdobbe fossilen mei-inoar yn oerienstimming brocht. It tinken mank saakkundigen is no dat de earste moskeftigen har ûntjoegen op it súdlik healrûn yn it yn it Let-Paleoseen (59–56 miljoen jier lyn) of it Ier-Eoseen (56–40 miljoen jier lyn).

In raven (Corvus corax), ien fan 'e grutste moskeftigen.

De earste diversifiëarring fan 'e moskeftigen foel gear mei de skieding fan 'e súdlike wrâlddielen yn it Ier-Eoseen. De rotstomke-eftigen (Acanthisitti) wiene de earsten dy't isolearre rekken yn wat letter Nij-Seelân wurde soe, en de twadde grutte spjalting wie tusken de krytfûgels (Tyranni of Suboscines) yn Súd-Amearika en de sjongfûgels (Passeri of Oscines) yn Austraalje. Op dat lêste kontinint ûntjoegen de iere moskeftigen har ta in grut ferskaat oan foarmen. In wichtige tûke fan 'e sjongfûgels, it lytsskift fan 'e moskfûgeleftigen en sibben (Passerida), fersprate him sa'n 40 miljoen jier lyn út Austraalje wei oer Jeraazje en Afrika. Fan dy tiid ôf fûn der in yngeande biogeografyske ferminging plak, wêrby't soarten út it noarden weromkearden nei it suden, soarten út groepen dy't yn it suden bleaun wiene letter dochs noch nei it noarden kamen, en soarten út 'e Alde Wrâld de Nije Wrâld berikten en oarsom.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte moskeftigen binne lytser as de leden fan 'e measte oare fûgelskiften. De grutste en swierste moskeftigen binne de groubekraven (Corvus crassirostris) út 'e Hoarn fan Afrika en de gewoane raven (Corvus corax), dy't beiden mear as 70 sm lang en 11/2 kg swier wurde kinne. De lierfûgel (Menura novaehollandiae) en beskate paradysfûgels (Paradisaeidae) hawwe lykwols in gruttere lingte as harren oermjitte lange sturtfearren meirekkene wurde. De lytste moskeftige is de koartsturtdwerchtiran (Myiornis ecaudatus), mei in lingte fan 61/2 sm en in gewicht fan 4,2 g.

In reade kardinaal (Cardinalis cardinalis) út Noard-Amearika.

Moskeftigen hawwe anisodaktyle poaten, d.w.s. mei fjouwer teannen, wêrfan't trije foarút wize en ien efterút. De eftertean is lang en sit oan 'e poat fêst op likernôch deselde hichte as de foarteannen. Dy foarm is ideaal foar it fêstgripen fan tûken of twiichjes om dêr op te sitten mei in rjochtoppige lichemshâlding. Dêrfandinne dat de moskeftigen yn beskate oare talen nammen hawwe dy't nei dat skaaimerk ferwize, lykas yn it Nederlânsk roestvogel (fan roesten, "rêste", dus sitte) en yn it Ingelsk perching bird (to perch betsjut "rjochtop sitte"). De teannen fan moskeftigen hawwe gjin swimfluezzen, mar by guon leden fan 'e famylje fan 'e kotingafûgels (Cotingidae) binne de twadde en trêde foartean foar it earste trêdepart oaninoar fêst groeid.

De skonken fan moskeftigen hawwe in adaptaasje dy't rjochtop sitten makliker makket. In piis oan 'e efterkant fan 'e skonk, dy't fan 'e ûnderkant fan 'e teannen nei de spier efter de tibiotarsus rint, lûkt automatysk strak as de skonk bûgd wurdt. Dêrtroch krôlje de teannen út harsels om in tûke hinne as de fûgel dêrop lânet. It jout moskeftigen ek it fermogen om te sliepen wylst se op in tûke sitte sûnder dat de gryp fan 'e teannen yn 'e sliep fersloppet en de fûgel fan 'e tûke ôfrûgelet.

In mantsje fan 'e lierfûgel (Menura novaehollandiae) út Austraalje.

De measte moskeftigen hawwe tolve sturtfearren, mar de lierfûgel hat der sechstjin, en ferskate leden fan 'e grutte famylje fan 'e ûnefûgels (Furnariidae) hawwe der mar tsien, acht of sels seis. Soarten dy't oanpast binne foar it beklimmen fan beamstammen, lykas beamkrûpers (Certhiidae) en blauspjochtfûgels (Sittidae), hawwe stive sturtfearren, dy't se brûke om by it klimmen op te stypjen. Ekstreem lange sturtfearren komme foar by û.o. de lierfûgels (Menuridae) en de paradysfûgels (Paradisaeidae), en tsjinje om mei te pronkjen by de balts.

Ien fan 'e bekendste skaaimerken fan moskeftigen is it fermogen ta it produsearjen fan fûgelsang, dat by harren fan alle fûgelskiften it bêste ûntwikkele is. De nei dat fermogen ferneamde sjongfûgels (Passeri of Oscines) hawwe fan alle fûgels de grutste behearsking fan 'e spieren dy't harren syrinks bestjoere, en kinne dêrtroch in grut ferskaat oan sang fuortbringe. Guon fûgels, lykas de ljurk (Alauda arvensis) en it gealtsje (Luscinia megarhynchos), steane dêr by útstek om bekend. Oaren, lykas de ferskate soarten krieën, bringe ek in grut ferskaat oan lûden fuort, mar dy klinke foar it minsklik gehoar alhiel net muzikaal en wurde omskreaun as 'krassen'. Guon soarten, lykas de lierfûgels (Menuridae) út Austraalje, binne earsten neibearders, dy't net inkeld de sang fan oare fûgelsoarten imitearje kinne, mar ek sekuer lûden neidwaan kinne dy't net fan natuere foarkomme, lykas in startende auto of in keatlingseage. De sang fan moskeftigen is ornaris bedoeld om, benammen yn 'e peartiid, it territoarium ôf te beakenjen of om in pearingspartner te lokjen.

In blaumies (Cyanistes caeruleus) út Jeraazje.

De measte moskeftigen lizze kleure aaien, yn tsjinstelling ta soarten út oare fûgelskiften, dy't ornaris wite aaien lizze. Utsûnderings op dy regel binne fierders inkeld grûnnêstelders lykas de wilstereftigen (Charadriiformes) en de nachtsweleftigen (Caprimulgiformes), dy't ferlet hawwe fan kamûflaazje om 'e aaien net opfalle te litten, en teffens beskate briedparasitêre koekoeken (Cuculinae), wêrfan't de aaien op dy fan 'e gasthear lykje moatte. It tal aaien fariëarret by moskeftigen nei soarte. Party gruttere soarten, lykas de lierfûgels, lizze mar ien aai, wylst de measte lytsere soarten yn waarmere klimaten 2–5 aaien en yn kâldere klimaten 5–12 aaien lizze. De leden fan 'e famylje fan 'e widafûgels (Viduidae) bouwe sels gjin nêsten, mar binne briedparasiten dy't har aaien yn 'e nêsten fan oare fûgelsoarten lizze. Datselde jildt foar de koekoekswever (Anomalospiza imberbis) en beskate soarten út it skaai fan 'e kowefûgels (Molothrus).

De piken fan moskeftigen binne nêstbliuwers, dy't blyn, keal en helpleas út it aai komme. Se hawwe dêrom ferlet fan yngeande soarch fan 'e âlden. De measte moskeftigen binne omnivoaren of ynsektivoaren. Se frette sawol oare bisten (ornaris ynsekten en oar lyts wringeleas dierte) as plantaardich guod.

De famyljes út 'e ûndersteande klassifikaasje binne deselden dy't erkenning genietsje fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU). De ferdieling yn ûnderskiften is al lang dúdlik en stiet fêst. De ferdieling yn tuskenskiften, lytsskiften en boppefamyljes folget de fylogenetyske analyze dy't yn 2019 publisearre waard troch Carl Oliveiros et al.

(N.B.: de oantallen soarten binne rûchwei, fral by de gruttere famyljes.)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.