Springe nei ynhâld

Wetterlysters

Ut Wikipedy
Wetterlysters
wetterlyster (Cinclus cinclus)
wetterlyster (Cinclus cinclus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: (Muscicapoidea)
famylje: wetterlysters (Cinclidae)
skaai: wetterlysters (Cinclus)
(famylje): Sundevall 1836, (skaai): Borkhausen 1797

De wetterlysters (Cinclidae) binne in lytse famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes), út de boppefamylje fan de Muscicapoidea, dêr 't ek de protters, lysterfûgels en miggesnappers yn sitte. De wetterlysters, yn oare talen, sa as it Nederlânsk, ek 'wetterstaar' of 'wetterprotter' neamd, mar binne likwols gjin "lysters" en ek gjin "protters" yn taksonomyske sin.

Wetterlysters binne meast brune fûgels dy ’t, oars as de oare sjongfûgels, yn en op it rinnende wetter libje. Hja kinne dûke en swimme en ite foaral wetterynsekten. Yn Fryslân is de wetterlyster in seldsumme wintergast, yn Súd-Limburch is er ek in seldsumme briedfûgel.

De famylje fan de wetterlysters hat mar ien skaai: Cinclus mei fiif soarten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]