Springe nei ynhâld

Goarsfûgels

Ut Wikipedy
Goarsfûgels
Gielfink (Emberiza citrinella)
Gielfink (Emberiza citrinella)
Taksonomy
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje:(Passeroidea)
famylje:goarsfûgels (Emberizidae)
Vigors, 1825
skaai:goarzen (Emberiza)
Linnaeus, 1758 (skaai)

De goarzen (wittenskiplike namme: Emberiza) foarmje in skaai fan sjongfûgels fan de Alde Wrâld (Jeropa, Aazje, Afrika) yn it skift fan de moskeftigen. It is it iennichste skaai yn 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). Foarhinne waarden ta de goarsfûgels ek de goarseftigen fan de Nije Wrâld (de Amearika’s) rekkene, mar dy binne as aparte famylje Passerellidae (Amerikaanske goarzen) ôfsplist. Ek de iisfink en de sniefink, dy't fuorhinne by de goarsfûgels rekkene waarden, binne no yn in eigen famylje snie- en iisfinken (Calcariidae) ûnderbrocht. De goarzen binne yn guon dingen ferlykber mei de finken, en inkelde goarzesoarten wurde yn it Frysk ek 'fink' neamd.

Foarkommen en iten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goarzen binne yn it algemien lytse, yn haadsaak brune fûgeltsjes, faak streekt oan de boppekant. De foar- en ûnderkante kinne griis, wyt, giel, readeftich of swarteftich wêze. De kop fan it mantsje is faak swart-wyt of swart-giel streekt, en dêrom wurde de pleatselik bekende soarten yn it Afrikaansk 'Streepkoppies' neamd. De goarzen hawwe yn koarte, stevige, puntige snaffel. Bûten it briedseizoen binne de meast goarzen siediters; yn it briedseizoe libje sy foaral fan ynsekten.

De goarzen libje meast yn iepen of healiepen terreinen: gerslân, reidlân, somplân, strúken, savannen en boskiggen. De measte goarssoarten nimme yn oantal of, en bygelyks de wylgegoars (E. aureola) is slim bedrige. De noardlikste soarten, dy ’t ek in Laplân en Noard-Sibearje foarkomme, binne de gielfink, wytkopgoars, lytse goars, boskgoars en reidmosk. De yn Nederlân, en Fryslân, meast foarkommende soarten binne de gielfink en de reidmosk.

Famylje- en skaaiopbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skaai hat 44 soarten. Guon soarten waarden (en wurde fan en ta noch) ta aparte skaaien rekkene: Miliaria, Fringillaria en Schoeniclus.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]