Goudtoefkes

Ut Wikipedy
Goudtoefkes
Robyntoefke (Regulus calendula)
Robyntoefke (Regulus calendula)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
famylje: goudtoefkes (Regulidae) (Vigors, 1825)
skaai: goudtoefkes (Regulus)
Cuvier, 1800


De goudtoefkes binne it ieniche skaai (Latyn Regulus) yn de famylje fan de (Latyn) Regulidae, dy 't ek goudtoefkes hjitte. De famylje beheart ta it skift fan de moskeftigen (Passeriformes) en it ûnderskift fan de sjongfûgels (Passeri). Foarhinne waarden de goudtoefkes allinne as skaai binnen de famylje fan de sjongers (Sylviidae) sjoen. It skaai (en de famylje) fan de goudtoefkes hat 6 of 7 soarten.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske ornitolooch Audubon hat yn 1812 ek noch in oar goudtoefke beskreaun dy't hy Cuviers goudtoefke neamde (Regulus cuvieri). Hy hie in fûgel sketten dêr't hy net ien fan de bekinde goudtoefkes yn seach. Dat wurdt algemien sjoen as in flater en dy soarte bestiet dus net.