Fjoertoefke
fjoertoefke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Regulus ignicapillus | ||||||||||||
Temminck, 1820 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It fjoertoefke (Latynsk: Regulus ignicapillus) is in lytse fûgel dy't yn Jeropa foarkomt.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan de goudtoefkes waard fanâlds altyd by de sjongers yndield, mar tsjintwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (Regulidae) set.
De gjoertoefkes op Madeira, earder in ûndersoarte fan it fjoertoefke, wurde tsjintwurdich as aparte soarte sjoen, it Madearafjoertoefke (Regulus madeirensis).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fjoertoefke is sa'n 9-10 sm grut en krekt wat grutter as it goudtoefke. It uterlik komt oerien mei it goudtoefke, mar foaral it gesicht ferskilt. It fjoertoefke hat in opfallende swarte streek troch it each mei derboppe en derûnder in wite streek, wylst it goudtoefke der gjin dúdlike tekening hat. Ek hat it fjoertoefke op it skouder brûnskleurige fearren dy't by it goudtoefke ûntbrekke.
It Madearafjoertoefke hat in langere snaffel, de oranje krûn is wat minder fel en de wite streek boppe de eachstreek is langer.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gjoertoefke komt yn grutte parten fan Midden- en Súd-Jeropa foar, harren libbensgebiet leit wat súdliker as dat fan it Goudtoefke. Fierder komme se ek foar op Madeira en yn Noard-Afrika. Se binne meast te finen yn mingde bosken of nuddelbosken, se binne miskien wat minder bûn oan de nuddelbosken as it Goudtoefke. Lykas by it Goudtoefke binne de noardlikste fûgels trekfûgels.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fjoertoefke makket in bolfoarmich nêst fan moas mei in lytse yngong oan de boppekant. It wyfke leit twa kear aaien dy't se yn twa wike útbriedt. De jongen binne nei sa'n 19-20 dagen grut genôch om út te fleanen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Regulus ignicapillus fan Wikimedia Commons. |
- Fûgelsoarte
- Goudtoefke
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje