Simmerfûgel

Ut Wikipedy

Simmerfûgel is in ornitologyske term foar in fûgelsoarte dy't by 't simmer yn (û.m.) Nederlân briedt, mar syn briedgebiet foar de winter folslein ferlit. It begryp simmerfûgel moat net betize wurde mei in dieltrekker, in fûgel dy't syn briedgebiet yn (û.m.) Nederlân by 't winter mar foar in diel ferlit, noch mei in simmergast, in fûgel dy't de simmer yn (û.m.) Nederlân trochbringt, mar hjir net briedt. Foarbylden fan echte simmerfûgels binne de boereswel, de giellegou, de koekoek, de lytse hôfsjonger (fitis), de skiertsjilling, de skries en de teapert.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Camphuysen, Kees; Bijlsma, R.; en Hustings, Fred, Avifauna van Nederland, Deel 2: Algemene en Schaarse Vogels van Nederland, Seist, 2001 (KNNV), ISBN 978-9 07 43 45 217, s. 2.