Simmergast

Ut Wikipedy

Simmergast is in ornitologyske term foar in fûgelsoarte dy't by 't simmer yn (û.m.) Nederlân foarkomt, mar hjir net briedt. In simmergast moat net betize wurde mei in simmerfûgel, wat in fûgelsoarte is dy't simmerdeis yn (û.m.) Nederlân foarkomt èn briedt, mar foar de winter syn briedgebiet folslein ferlit. Yn Nederlân en de rest fan Noardwest-Jeropa komme hast gjin poere simmergasten foar. Wol komme guon hjir net briedende fûgelsoarten hjir it hiele jier troch foar, mar sokken wurde gjin simmergasten, mar jiergasten neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Camphuysen, Kees; Bijlsma, R.; en Hustings, Fred, Avifauna van Nederland, Deel 2: Algemene en Schaarse Vogels van Nederland, Seist, 2001 (KNNV), ISBN 978-9 07 43 45 217, s. 2.