Springe nei ynhâld

Gielegou

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Giellegou)
gielegou

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje gielegoufûgels (Oriolidae)
skaai gielegouwen (Oriolus)
soarte
Oriolus oriolus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     wierskynlik útstoarn


De gielegou of giellegou (Oriolus oriolus) is in fûgel yn it skift fan de moskeftigen, it is de ienichste soart út de meast tropyske famylje fan fûgels dy't yn Jeropa foarkomt.

De gielegou is mei sa'n 18 oant 24 sm likernôch sa grut as in Klyster mar hat wol in hiel opfallende kleur. It mantsje fan de Gielegou is fel giel mei swarte wjukken, in swarte sturt en in swarte eachstreek. De jonge wyfkes binne meast wat grieneftich en binne lang sa opfallend net. De âldere wyfkes lykje lykwols hieltyd mear op de mantsjes, sadat se op 't lêst hast net mear te ûnderskieden binne.

De gielegou is fan ein april oant ein augustus yn syn briedgebiet. Dat bestiet út grutte parten fan Jeropa en it westen fan Aazje. De fûgels oerwinterje yn de bosken yn sintraal-Afrika.
De Gielegou is in echte fûgel fan de bosken. Hy komt hast net op de grûn en is ek net maklik te sjen om't er him meast heech yn de beammen tusken de blêden ophâldt.

De gielegou yt sawol dieren, benammen rûpen en flinters as ek plantaardich iten lykas beien en kersen.

Aaien fan 'e gielegou.

De gielegou makket in nêst yn de foarke fan in tûke heech yn in beam. It wyfke briedt meast allinnich yn twa wiken de 3-6 aaien út, wylst se fuorre wurdt troch it mantsje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]