Ryk (taksonomy)
In ryk is yn de taksonomy it heechste nivo fan taksa. Under it ryk komt it nivo fan de stamme.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lineaus brûkte yn syn Systema Naturae it "ryk", yn it Latyn regnum, as it heechste nivo fan syn taksonomy. Hy beskreau trije riken, dy't yn syn tiid sjoen waarden as folslein ûnôfhinklik:
Besibbens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de opkomst fan it idee dat taksa net allinnich oanjoegen dat soarten oerienkomsten hienen, mar ek dat se besibbe binne, en in mienskiplike foarfaar hawwe, is de betsjutting fan it ryk ek wat feroare. Foar mineralen jildt dat nije ynsicht net, dat dy binne weifallen. En om't ek de riken no in wisse sibskip hawwe binne se net mear de alles-omfetsjende taksa, mar mear it heechste nivo fan sibskip.
Hjoeddeisk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it tafoegen fan foarmen fan libben dy't yn de tiid fan Linnaeus noch net beskreaun wienen is no in nivo mei fiif of mear riken ûntstien:
- De baktearjes (Bacteria) - organismen fan sa'n 0,2-5 mikrometer grut, mei in opbou dy't liket op in sel, of somtiden mear sellen, mar dy't gjin selkearn hawwe dy't it DNA byinoar hâldt.
- De protisten (Protista) - organismen út ien folsleine sel. Somtiden wurde ek de firussen hjir ta rekkene.
- De planten (Plantae) - mearsellige organismen dy't troch fotosynteze enerzjy opnimme kinne, mar harren net ferpleatse kinne.
- De skimmels (Fungi) - mearsellige organismen dy't net troch fotosynteze enerzjy opnimme kinne, en harren ek net ferpleatse kinne. Skimmels moatte enerzjy opnimme út oare organismen, of de oerbliuwsels dêrfan.
- De dieren (Animalia) - mearsellige organismen dy't net troch fotosynteze enerzjy opnimme kinne, mar harren al ferpleatse kinne. Dieren moatte enerzjy opnimme út oare organismen, of de oerbliuwsels dêrfan.
Dizze opdieling is lykwols net langer in fêst útgongspunt: Ofhinklik fan de ynsichten kinne de organismen yn noch mear riken opdield wurde. Om de besibbens tusken guon fan de riken oan te jaan wurde ek bopperiken definiearre. Der is lykwols gjin nij nivo definiearre foar it takson fan alle Organismen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |