Fotosynteze
Appearance

Fotosynteze is it proses dêr't planten mei help fan enerzjy út sinneljocht koalstofdiokside omsette yn koalhydraten, sa as glukoaze. By dat proses komt soerstof frij. It proses komt foar yn planten en sommige baktearjen. In diel fan de produsearre glukoaze wurdt dêrnei fia setmoalsynteze omset yn setmoal, dat de plant opslacht yn syn woartels, stâlen, blêden en sieden.
