Springe nei ynhâld

Baktearje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baktearjes)
Bacillus subtilis
Baktearjefoarmen
Skematyske struktuer fan in baktearje

Baktearjen (wittenskiplike namme: Bacteria, iental Bacterium) binne (iensellige) mikro-organismen, dy't sa lyts binne dat se allinnich ûnder in mikroskoop te sjen binne. In wichtige eigenskip fan baktearjen is, dat se har hurd fermearderje kinne. In baktearje is in prokaryoat en hat dus gjin selkearn. It erflike materiaal sweeft om yn it sytoplasma. It DNA bestiet meastal út mar ien ringfoarmich gromosoam, faak beselskippe troch ien of mear plasmiden, dy't ek genetyske ynformaasje befetsje. Baktearjen kinne ûnderling plasmiden útwikselje (konjugaasje), wêrtroch't se rekombinearje. Sa ûntsteane allegeduerigen nije bacterievariëteiten.

De Bakteria waarden eartiids Eubakteria neamd. Yn it algemiene spraakgebrûk wurdt meastal gjin ûnderskied makke tusken Bacteria ("gewoane" baktearjen) en Archaea (oerbaktearjen), dy't tegearre de groep prokaryoaten foarmje. Yn de taksonomy foarmje de Bakteria lykwols in ôfsûnderlik Ryk of Domein.

Blaualgen of blauwieren, dy't gjin echte algen of wieren binne mar syanobaktearjen, hearre ek ta de prokaryoaten.

Baktearjen binne hast rûnom te finen. Fierwei de measte baktearjen binne net skealik foar de gesondheid. In soad baktearjen dogge tigenuttich wurk, bygelyks yn de terms. Ek wurde se ynsetten yn de yndustry om bygelyks bepaalde soarten ôffal ôf te brekken of om medisinen te meitsjen.

De measte baktearjen binne sa'n 1–5 µm (0,001-0,005 mm) lang. De grutte kin per soarte lykwols frijwat farieare. De parasitêre baktearje Rickettsia kin 0,1 μm (0,0001 mm) mjitte, wylst de "swervel-itende" reuzebaktearje Thiomargarita namibiensis ôfmjittingen oant 750 mikrometer (0,75 mm) berikke kin. Baktearjen binne de lytste organismen dy't noch mei in ljochtmikroskoop waarnimber binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: