Koekoek

Ut Wikipedy
Koekoek
Koekoek (Cuculus canorus)
Koekoek (Cuculus canorus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: trapfoarmigen (Otidimorphae)
skift koekoekeftigen (Cuculiformes)
famylje: koekoekfûgels (Cuculidae)
ûnderfamylje: echte koekoeken of briedparasitêre koekoeken (Cuculinae)
skaai: grize koekoeken (Cuculus)
soarte: koekoek (Cuculus canorus)
Linnaeus, 1758

De koekoek (Cuculus canorus) is de bekendste soarte fan de famylje fan de koekoekfûgels en it skaai fan de koekoeken. De griis ta blaugrize fûgel is 32-35 grut, sawat tusken in hôfdo en in Turkske toartel, mei in lange sturt en in streke bûk.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'koekoek' of 'koekút' is in onomatopee, dy't it karakteristyke roppen fan 'e koekoek werjout. Yn oare talen hat de koekoek min ofte mear deselde namme: Noardfrysk: Kukütj, Dútsk: Kuckuck, Fransk: Coucou, Ingelsk: Cuckoo, e.s.f..

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koekoeken plantsje harren fuort yn Jeraazje en oerwinterje yn tropysk Afrika en it Oriïntaalsk gebiet. Yn Nederlân komt de koekoek yn april út it suden oan en de folwoeksen fûgels geane ein juny wer fuort. De jonge fûgels geane pas folle letter fuort. Yn Nederlân stiet de koekoek op de Reade list fan fûgels as kwetsber. Yn 2013-2015 wiene der sa'n 5700-7000 briedpearen. De efterútgong wurdt mooglik feroarsake troch de efterútgong fan de waardfûgels en fan it beskikbere fiedsel.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge koekoek yn nest fan in karrekyt. De parasyt is al fierste grut foar it nest.
Cuculus canorus canorus + Acrocephalus arundinaceus
Cuculus canorus bangsi + Phoenicurus moussieri

De koekoek is in briedparasyt. Dat wol sizze dat de fûgel har aaien yn it nest fan in briedende 'waardfûgel' leit en har aai útbriede lit en it jong fuorje lit troch de waardfûgel. Omdat it koekoeksjong folle grutter is as de waardfûgeljongskes, kriget it koekoeksjong it measte foer, en stjerre de measte waardfûgeljongen. It koekoekswyfke leit begjin juny 10-25 aaien, yn ferskillende nêsten. De waerdfûgels binne meastal sjongfûgels. Favorite waardfûgels yn Nederlân binne de karrekyt en de graupiper.

Ûndersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koekoek hat fjouwer ûndersoarten:

  • Cuculus canorus canorus, Jeropa, Midden-Easten, M-Aazje ta Japan
  • Cuculus canorus bangsi, Ibearysk skiereilân, NW-Afrika
  • Cuculus canorus subtelephonus, Turkmenistan ta SW-Mongoalje
  • Cuculus canorus bakeri, Tibet, S-Sina, N-Yndia ta NW-Tailân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]