Nederlânske Reade List fan fûgels

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Reade list fan fûgels)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Op de Nederlânske Reade List Fûgels stean allinnich soarten dy't harren yn Nederlân fuortplantsje, dus gjin oerwinterjende of trochtsjende fûgels. Dêrnjonken is der ek in aparte reade, oranje en blauwe list foar trochtsjende en oerwinterjende fûgels in Nederlân (Sovon-rapport 2016/01).

De reade listen wurden geregeldwei bywurke, bygelyks om de tsjien ta tolve jier. De aktualiseare Reade list fan fûgels fan 2016 waard op 30 novimber 2017 troch it Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat publiseare (Beslút nr. 17174206 fan 18 novimber 2017).

Op de reade listen steane, neist de bedrige soarten, beskermingsmaatregelen om dizze soarten wer yn oantal tanimme te litten. Trochdat oerheden en terreinbehearende organisaasjes as It Fryske Gea by harren belied en behear rekken hâlde mei de reade listen wurdt hope dat fan de no bedrige organismen der oer tsien jier in oantal net mear bedrige wêze sille en dus fan de list ôf helle wurde kinne.

De list foar fûgels is bot wizige. Mei acht fûgelsoarten giet it better: deislieper, reade reager, grutte wyte reager, goudûle, griene spjocht, Noardske falk, wâldbeamkrûper en readsturtsje. Dizze soarten binne net mear bedrige, en dus yn 2016 fan de list ferdwûn. Yn 2004 wiene ek al alve soarten fan de list ferwidere, wêrûnder iisfûgel, earrebarre en ierdswel.

Dêrtsjinoer steane 14 soarten dy't nij binne op de list. Dêrûnder binne Noardske stirns en wylde kanarje (bedrige), wylp, reade wikel en dûbele lyster (kwetsber), wâldmies en pongmieske (gefoelich). Dy soarten binne fierder efterútgongen.

Dat soarten nij op de list komme is net altyd min nijs, want der binne ek soarten by dy't noch tige seldsum binne omdat se har noch mar koartlyn yn Nederlân fêstige hawwe. Dat jildt foar kloekswan, smjunt, see-earn, kraan, oehoe, winterkob en gerssjonger. Yn 2004 wiene rinkelein, Grutte wite reager en Lytse wite reager en Noardske Falk sa tafoege.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurde acht kategoryen ûnderskieden:

  • útstoarn op wrâldskaal
  • yn it wyld útstoarn op wrâldskaal
  • as briedfûgel ferdwûn út Nederlân
  • yn it wyld ferdwûn út Nederlân
  • slim bedrige
  • bedrige
  • kwetsber
  • gefoelich

De soarten op de Reade List fan 2016 (2004, as ferskillend fan 2016)

FRYSKE NAMME - WITTENSKIPLIKE NAMME - STATUS

Beamfalk - Falco subbuteo ssp. subbuteo - kwetsber

Blaustirns - Chlidonias niger ssp. niger - bedrige

Blauwe hoanskrobber - Circus cyaneus ssp. cyaneus - gefoelich

Boereswel - Hirundo rustica ssp. rustica - gefoelich

Bûnt reidhintsje - Porzana porzana - kwetsber

Bûnte seachbek - Mergus serrator - gefoelich

Bûnte wilster - Charadrius hiaticula ssp. hiaticula - kwetsber

Draainekke - Jynx torquilla ssp. torquilla - slim bedrige

Dûbele lyster - Turdus viscivorusk kwtsber - (net yn 2004)

Dûkelmantsje - Charadrius alexandrinus ssp. alexandrinus - bedrige

Dwerchkob, Lytse miuw - Hydrocoloeus minutus - slim bedrige

Dwerchreidhintsje - Zapornia pusilla ssp. intermedia - gefoelich (ferdwûn)

Feale miggesnapper - Muscicapa striata ssp. striata - gefoelich

Fjildlyster - Turdus pilaris - gefoelich

Fjildmosk - Passer montanus ssp. montanus - gefoelich

Fjildûle - Asio flammeus ssp. flammeus - slim bedrige

Geal - Luscinia megarhynchos ssp. megarhynchos - kwetsber

Gerssjonger - Cisticola juncidis ssp. cisticola - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Giel boumantsje - Motacilla flava ssp. flava - gefoelich

Gielegou - Oriolus oriolus - kwetsber

Giele hôfsjonger - Hippolais icterina - gefoelich

Goudûle - Tyto alba ssp. guttata - kwetsber

Grutte sjouwerman - Larus marinus - gefoelich

Heidehipper - Oenanthe oenanthe ssp. oenanthe - bedrige

Hoarnûle - Asio otus ssp. otus - kwetsber

Hûpe - Upupa epops ssp. epops - ferdwûn

Hússwel, Wytgatswel - Delichon urbicum ssp. urbicum - gefoelich

Hoants - Calidris pugnax - slim bedrige

Ingelsk boumantsje - Motacilla (flava ssp.) flavissima - gefoelich

Klikstirns - Thalasseus sandvicensis ssp. sandvicensis - kwetsber (2004: bedrige)

Kloekswan - Cygnus cygnus - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Koarnmosk - Emberiza calandra ssp. calandra - slim bedrige

Kobbestirns, Swartsnaffelstirns - Gelochelidon nilotica ssp. nilotica - ferdwûn

Koekoek - Cuculus canorus ssp. canorus - kwetsber

Kraan - Grus grus ssp. grus - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Kuorhin -Tetrao tetrix ssp. tetrix - slim bedrige

Kwêkfink - Fringilla montifringilla - gefoelich

Lytse stirns - Sternula albifrons ssp. albifrons - kwetsber

Lytse wyte reager - Egretta garzetta ssp. garzetta - gefoelich

Ljurk - Alauda arvensis ssp. arvensis - gefoelich

Mosk - Passer domesticus ssp. domesticus - gefoelich

Nachtreager - Nycticorax nycticorax ssp. nycticorax - slim bedrige (2004: net mear wyld)

Noardske stirns - Sterna paradisaea - bedrige (net yn 2004)

Nôtfink - Emberiza hortulana - ferdwûn (2004: slim bedrige)

Oehoe - Bubo bubo ssp. bubo - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Paapke - Saxicola rubetra - bedrige

Patriis - Perdix perdix ssp. perdix - kwetsber

Piipljurk - Anthus pratensis ssp. pratensis - gefoelich

Piiptjilling, Piiptsjilling - Anas crecca ssp. crecca - kwetsber

Pylksturt - Anas acuta ssp. acuta - bedrige

Pongmies - Remiz pendulinus - gefoelich (net yn 2004)

Raven - Corvus corax ssp. corax - gefoelich

Reade mosk - Carpodacus erythrinus ssp. erythrinus - gefoelich

Reade wikel - Falco tinnunclus ssp. tinnunculus - kwetsber (net yn 2004)

Readhalsdûker - Podiceps grisegena ssp. grisegena - gefoelich

Readkopskatekster - Lanius senator ssp. senator - ferdwûn

Reiddomp - Botaurus stellaris ssp. stellaris - kwetsber (2004: bedrige)

Reidlyster, Grutte karrekyt - Acrocephalus arundinaceus ssp. arundinaceus - bedrige

Reidmies, Svartkrúnmies - Parus montanus ssp. rhenanus - gefoelich

Rinkelein - Bucephala clangula ssp. clangula - gefoelich

Robyntsje - Linaria cannabina ssp. cannabina - gefoelich

Sânpiper - Anthus campestris ssp. campestris - ferdwûn (2004: slim bedrige)

See-earn - Hailaeetus albicilla - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Skatekster - Lanius collurio ssp. collurio - bedrige

Skiere hoanskrobber - Circus pygargus - slim bedrige

Skiertsjilling - Spatula querquedula - bedrige (2004: kwetsber)

Skries - Limosa limosa ssp. limosa - gefoelich

Slob - Spatula clypeata - kwetsber

Smjunt - Mareca penelope - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Snilekrûper - Locustella luscinioides ssp. luscinioides - kwetsber

Stienûle - Athene noctua ssp. vidalii - kwetsber

Steltklút - Himantopus himantopus - gefoelich

Súdlike bûnte gril - Calidris alpina ssp. schinzii - ferdwûn

Teapert - Crex crex - bedrige (2004: kwetsber)

Toarnekster - Lanius excubitor ssp. excubitor - slim bedrige

Toarteldo - Streptopelia turtur ssp. turtur - kwetsber

Tsjirk - Tringa totanus ssp. britannica - gefoelich

Tsjokpoat - Burhinus oedicnemus ssp. oedicnemus - ferdwûn

Túfljurk - Galerida cristata ssp. cristata - slim bedrige

Waarlamke - Gallinago gallinago ssp. gallinago - bedrige

Wâldmies - Periparus ater - gefoelich (net yn 2004)

Wilster - Pluvialis apricaria ssp. apricaria - ferdwûn

Wipsturtgril - Actitis hypoleucos - gefoelich

Winterkob - Rissa tridactyla - gefoelich (nije briedfûgel, net yn de list fan 2004)

Woffer, Lytse reiddomp - Ixobrychus minutus ssp. minutus - slim bedrige

Wylde kanarje - Serinus serinus - bedrige (net yn 2004)

Wylp - Numerius arquata ssp. arquata - kwetsber (net yn 2004)

Wytstirns - Sterna hirundo ssp. hirundo - gefoelich (2004: kwetsber)