Geal
geal | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Luscinia megarhynchos | ||||||||||||
Brehm, 1831 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De geal (Luscinia megarhynchos), ek faak it gealtsje neamd, is in sjongfûgel út de ûnderfamylje Saxicolinae, eartiids yndield by de famylje Turdidae (klysters) mar no yndield by de famylje miggesnappers. De fûgel is bekend foar syn sjongkwaliteiten en de namme is ôflaat fan it Germaanske galan, dat sjonge betsjut. Gealtsjes sjonge net allinne oerdei, mar ek nachts. Der is sels in oargelregister nei it fûgeltsje ferneamd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geal is in 17 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 26 sm en in brún fearrekleed. De krún, wjukken, romp en de sturt hawwe in wat readeftige gloed, wylst de kiel en de sydkanten fan it kopke earder de grize kant útskaaie. It boarst en de búk binne ljochtbêzje. De rôze oant ljochtgiele poatsjes binne lang. It swarte eachje hat in ljocht eachring en de snaffel is donker en by de basis giel.
Wyfkes hawwe in doffere kleur as mantsjes.
Jonge fûgels binne spikkele.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geal is in trekfûgel; se briede yn Europa en yn dielen fan Aazje.De fûgel is faker te hearren as te sjen en libbet ûnopfallend yn 'e strewellen. It iten bestiet út ynsekten, wjirmkes, rûpen, spinnen en oare wringeleaze dierkes. As de jonge fûgels útflein binne, fleane se tusken july en septimber nei tropysk Afrika om dêr te oerwinterjen. Healwei april binne se werom om yn Europa te brieden. It wyfke boud it nêst fan deade bledsjes, woartels, mosk, gers en fearkes op 'e grûn of yn 'e tichte fegetaasje op in hichte fan maksimaal in heale meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út 4 oant 5 brune aaikes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gealtsjes briede yn Europa en yn dielen fan Aazje en oerwinterje yn tropysk Afrika. Yn Skandinaavje en East-Europa is de fûgel in seldsume gast. Fan oarsprong is de geal in boskfûgel, mar de geal komt hjoed-de-dei ek yn houtwâlen, parken en grutte tunen foar. Dochs libbet de fûgel ek noch yn bosk mei leechhout en in tichtbegroeide boaiem.
De fûgel komt yn Nederlân algemien foar yn 'e dunen, op 'e Waadeilannen, de Iselmarpolders en it Lauwersmargebiet. Oare gebieten mei in relatyf soad gealtsjes binne it Nasjonaal Park De Biisbosk, de Weerribben en guon gebieten oan 'e grutte rivieren. Yn it easten fan it lân is de stân fan 'e fûgel lykwols sûnt 1975 tebekrûn, in ferlies dat troch de taname yn oare lândielen teminsten foar in diel goedmakke waard. Op 'e Nederlânske Reade list wurdt de geal kwetsber neamd.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte bestiet út trije ûndersoarten:
- L. m. megarhynchos: fan westlik en sintraal Europa oant sintraal Turkije en súdlik Jordaanje.
- L. m. africana: eastlik Turkije, de Kaukasus en noardlik en súdwestlik Iran.
- L. m. golzii: fan eastlik Iran oant Kazachstan, súdwestlik Mongoalje en noardwestlik Sina.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geal hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en it tal fûgels wurdt tusken de 43.000.000 en de 81.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. Likernôch de helte fan 'e wrâldpopulaasje komt yn Europa foar. Tusken 1980 en 2013 rûn de stân fan 'e fûgel yn Europa stadichoan tebek troch de agraryske ûntwikkelingen en mei't de bosken te netsjes holden waarden, mar tusken 2000 en 2012 herstelde de stân him.[1] De fûgel wurdt op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gealtsje
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda