Springe nei ynhâld

Reiddomp

Ut Wikipedy
reiddomp
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompen (Botaurus)
soarte
Botaurus stellaris
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De reiddomp (Botaurus stellaris), ek wol domp, marbolle, of reidbolle, is in reagerfûgel dy't troch syn poerbêste skutkleur yn reidlannen net opfalt. Dizze fûgel is net hiel algemien yn Fryslân, mar troch de ûntwikkeling fan nije moerassen is der sprake fan werstel. De reiddomp is ôfhinklik fan oerjierrich reid.

Reiddompen binne stevich boude reagerfûgels mei in ljocht gielbrún oant okerbrún fearrekleed dat bedutsen is mei donkere streken en dwersbannen. De reiddomp wurdt 69 oant 81 sm lang, hat in spanwiidte fan 100 oant 130 sm en weaget tusken de 0,87 en 1,94 kg. It mantsje is dúdlik grutter as it wyfke.

De fûgel hat in tige goede skutkleur.

De krún en de nekke binne swart. De fearren op dy plakken binne relatyf lang en hawwe gielbrune einen mei smelle swarte dwersbannen. De siden fan 'e kop en de hals binne frijwol unifoarm gielbrún mei ûnregelmjittige swarte bannen. De mantel, skouderfearren en rêch hawwe in ferlykbere kleur, mar binne swierder tekene; de fearren hawwe swarte sintra en donkere dwersbannen. Op 'e kop sit in gielbrune wynbraustreek boppe it each en in donkerbrún oant swarte snorstreek. De siden fan 'e hals binne readbrún mei fine dwersbannen. It kin en de kiel binne gielbrún, wylst de middelste kielfearren lange readbrune streken hawwe.

It boarst en de búk binne gielbrún. Oan 'e siden sitte brede brune streken, wylst yn 'e midden smellere streken foarkomme. De sturt is readgielbrún mei swarte sintrale streken en swarte spikkels by de rânen lâns. De wjukken binne ljocht readbrún en hawwe in ûnregelmjittich patroan fan swarte bannen, streken en spikkels.

It fearrekleed is los fan struktuer. De ferlinge fearren op 'e krún, de hals en it boarst kinne opset wurde, benammen by de balts of as de fûgel him bedrige fielt.

De krêftige snaffel is grienich giel mei in donkerder boppesnaffel. De iris is giel en wurdt omjûn troch in ring fan bleate grienige of blauige hûd. De poaten binne grienich fan kleur. In fleanende reiddomp lûkt syn nekke yn nei syn romp, krektas de ielreager dat docht.

Jonge reiddompen lykje sterk op folwoeksen fûgels, mar hawwe in wat ljochter fearrekleed mei minder dúdlike tekeningen.

De reiddomp is yn twa ûndersoarten te ferielen:

  • Botaurus stellaris stellaris - Jeropa, Aazje
  • Botaurus stellaris capensis - Súdlik Afrika, in bytsje lytser en donkerder as stellaris.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fleanende reiddomp.

It briedgebiet fan 'e nominaatûndersoarte B. s. stellaris rint troch de mylde streken fan Jeropa en Aazje, fan 'e Britske Eilannen, Sweden en Finlân eastlik oant it eilân Sachalin yn East-Sibearje, it Koreäanske Skiereilân en it Japanske eilân Hokkaido. De noardgrins fan it ferspriedingsgebiet leit omtrint 57° noarderbreedte yn 'e Oeral en 64° noarderbreedte yn East-Sibearje. De súdgrins rint lâns de Middellânske See, de Swarte See, Iran, Afganistan, Kazachstan, Mongoalje en de Sineeske provinsje Hebei. Dêrnjonken komme ek lytse populaasjes foar yn Marokko, Algerije en Tuneezje. Yn novimber 2024 waard de reiddomp foar it earst yn 'e skiednis fan Kasjmier waarnommen yn 'e Wularmar.

Guon populaasjes binne stânfûgels en bliuwe it hiele jier troch yn itselde gebiet. De mear noardlike populaasjes lûke yn 'e hjerst nei waarmere streken, hoewol't in part fan 'e fûgels ek yn it briedgebiet oerwinteret. Fûgels út Noard-Jeropa ferhúzje benammen nei Súd-Jeropa en Noard- en Sintraal-Afrika, wylst de noardlike Aziatyske populaasjes oerwinterje op it Arabysk Skiereilân, it Yndysk subkontinint en yn 'e Sineeske provinsjes Heilongjiang, Jilin en Binnen-Mongoalje.

De ûndersoarte B. s. capensis is endemysk yn súdlik Afrika. Dy komt lokaal foar yn sompen by de eastkust, yn 'e Okavangodelta en oan 'e foetheuvels fan 'e Drakensbergen. Dizze populaasje is in stânpopulaasje.

De reiddomp is al iuwen in briedfûgel yn Nederlân, sa docht bliken út jachtferslaggen út 'e fyftjinde iuw. Oant der yn 'e perioade 1973–1977 systematyske tellingen útfierd waarden hiene se net de yndruk dat de soarte sterk efterútgie. It tal briedpearen waard doe rûsd op 500 oant 700. Dêrnei naam de populaasje rap yn oantal ôf. De reiddomp is foar it brieden ôfhinklik fan grutte, rêstige reidfjilden dy't yn it wetter steane. Sokke leefgebieten ferdwine troch spontane ferbosking, rekreaasjedruk en stêdebou. Oan it begjin fan 'e jierren 1990 wiene der noch likernôch 200 briedpearen. Nei de strange winter fan 1996 bleaunen dêr noch mar sa'n 150 fan oer. Oars as nei eardere strange winters bleau in opfallend werstel fan 'e populaasje doe út. Yn 'e lêste desennia is it tal briedpearen stadichoan wer tanaam en yn 2025 waard de Nederlânske populaasje wer op 680 oant 750 briedpearen rûsd. Dat is foar in part te tankjen oan 'e oanlis fan nije sompegebieten yn eardere lânbougebieten, wêrtroch nij gaadlik briedgebiet ûntstien is. De reiddomp komt yn Fryslân yn in grut gebiet fan 'e Lauwersmar oant de marrekrite en de Iselmarkust foar. De reiddomp is minder oanwêzich yn it súdeasten fan 'e provinsje.

Ekology en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reiddomp libbet benammen yn grutte reidfjilden en sompen, marren, lagunes en stadich streamende rivieren mei tichte iggefegetaasje. Somtiden briedt de soarte ek by dobben yn lânbougebieten en sels tichteby minsklike bewenning, salang't dêr gaadlik leefgebiet oanwêzich is. Dochs hat de fûgel in dúdlike foarkar foar grutte reidfjilden fan teminsten 20 hektare.

Bûten it briedseizoen stelt de reiddomp minder hege easken oan syn leefgebiet. Njonken reidfjilden wurdt de soarte dan ek oantroffen yn rysfjilden, fiskkwekerijen, sân- en grintôfgravings, rioelwettersuverings, sleatten, oerstreamde gebieten en sompen.

De fûgel is benammen by 't skimerjen en nachts aktyf. By gefaar nimt de reiddomp de saneamde pealhâlding oan: hy stiet dan ûnferweechlik mei de hals útstrutsen en de snaffel rjocht omheech. Troch dizze hâlding en syn streke fearrekleed giet de fûgel hast folslein op yn it reid en is er tige dreech te ûntdekken.

Reiddomp mei proai.

It iten bestiet benammen út fisken en kikkerts, mar ek oare lytse wetterdieren wurde fongen.

It lûd fan de reiddomp kin noch it bêste fergelike wurde mei it slaan op in holle beamstamme. It is in leech droanend lûd. Hy makket lykwols wer in oar lûd om wyfkes te lokken, syn lûd is dan krekt heech en skerp. Earder waard tocht dat de rop fan de fûgel it lûd fan de duvel wie.

De reiddomp bout syn nêst yn ticht reid, benammen fan reid (Phragmites). De soarte is nei likernôch ien jier geslachtsryp. It nêst bestiet út in platfoarm fan plantemateriaal dat streekrjocht op 'e grûn tusken it reid oanlein wurdt.

Tekening fan in nêst fan 'e reiddomp.

It wyfke leit ornaris fjouwer oant fiif griisgriene aaien, dy't likernôch 25 oant 26 dagen útbret wurde. Oft beide âlders by de fersoarging fan 'e piken belutsen binne, is noch altyd net folslein dúdlik. De jonge fûgels binne nei gemiddeld 50 oant 55 dagen útflein.

It mantsje kin mei ferskate wyfkes pearje.

De reiddomp hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje, dy't rûsd wurdt op 110.000 oant 340.000 eksimplaren. De IUCN hat de soarte dêrom klassifisearre as net bedrige (Least Concern, LC). Hoewol't de populaasje yn oantal efterútgiet, ferrint dy efterútgong net fluch genôch om de soarte yn in hegere bedrigingskategory ûnder te bringen.

De grutste bedrigingen foar de reiddomp binne it ferdwinen fan reidfjilden en de drûchlizzing en fersteuring fan sompegebieten dêr't de soarte fan ôfhinklik is.

De reiddomp falt ûnder de Agreement on the Conservation of African-Eurasian Migratory Waterbirds (AEWA), in ynternasjonaal ferdrach dat him rjochtet op 'e beskerming fan trekkende wetterfûgels yn Afrika en Euraazje.

De súdlike ûndersoarte (B. s. capensis) hat yn 'e rin fan 'e 20e iuw in dramatyske efterútgong meimakke troch de degradaasje fan sompegebieten. Oars as de noardlike ûndersoarte stiet dizze populaasje dêrom út it eachpunt fan natoerbeskerming foar grutte útdagings.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: