Pilekaaneftigen

Ut Wikipedy
Pilekaaneftigen
pilekaan (Pelecanus onocrotalus)
pilekaan (Pelecanus onocrotalus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
Sharpe, 1891

De pilekaaneftigen (Latynske namme: Pelecaniformes) foarmje in skift fan de klasse fan de fûgels (Aves), en it boppeskift fan de nije fûgels (Neoaves). Ta dit skift hearre sa'n 120 ûnderskate soarten fûgels. De pilekaaneftigen komme yn grutte dielen fan de wrâld foar, mei útsondering fan 'e poalgebieten, altyd op of deunby it wetter fan seeën, marren of rivieren. Foar it meastepart libje de pilekaaneftigen fan fisk.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pilekaaneftigen formje mei de eiberteftigen (Ciconiiformes), ginteftigen (Suliformes), mokeftigen (Procellariiformes), pinguineftigen (Sphenisciformes) en seedûkereftigen (Gaviiformes) in klade fan 'e wetterfûgels (Aequornithes). De gearhing tusken de pilekaaneftigen en de oanbuorjende skiften fan de ginteftigen en eiberteftigen is kompleks en haw forskate resinte taksonomyske útwikselingen meibrocht. Tsjintwurdich wurde de pilekaaneftigen opdield yn twa ûnderskiften, de reagerfûgels (Ardei) en de pilekaanfûgels (Pelicani) en fiif famyljes. De grutste famylje is dy't fan de reagers.

Skiftopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • skift: pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
    • famylje: wylpreagerfûgels (Threskiornithidae), 13 skaaien, 31 soarten
    • famylje: reagers (Ardeidae), 18 skaaien, 70-80 soarten
    • famylje: hammerkop (Scopidae), 1 skaai, 1 soarte
    • famylje: skuonbek (Balaenicipitidae), 1 skaai, 1 soarte
    • famylje: pilekanen of pelikanen (Pelecanidae), 1 skaai, 8 soarten