Reid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reid
Woartelstôk mei útrinners

Reid (Phragmites australis, synonym: Phragmites communis) is in plant dy't ta de gerzen (Poaceae) rekkene wurdt.

De plant is bot oanwêzich oan de wetterkanten. Reidgers (Phalaris arundinacea) liket yn it fegative stadium in protte op reid, mar hat in fluezich tonkje ynsteed fan hierkes. Reid wreidet har op trije wizen út: troch sied, troch woarteltûkken en troch útrinners, dat wol sizze horizontale stâlen wêr't op de knopen in nije plant by ûntstiet. De plant komt ek as eksoat foar yn Noard-Amearika. Dêr wurdt de plant sjoen as in net lânseigen soart en as túch beskôge. Reid kin 1-3 m heech wurde. De stâle stiet stiif rjochtop en it 1-3 sm brede blêd met spits tarinnende top is griisgrien. Op de grins fan de skie fan it blêd sit in tonkje (ligula) yn in krânske fan hierkes.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer biology.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.