Gerzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ingelsk raaigers

Gers is ien fan de suksesfolste plantesoarten op ierde. It blêd wurdt troch weidzjende dieren opiten en de sieden, it nôt foarmet sa'n 80% fan it minsklik fiedsel. In foarnaam part fan de rest fan ús fiedsel wurdt foarme troch weidzjende dieren dy't ek wer fan gers ôfhinklik binne. Koartsein, ús ôfhinklikens fan de famylje fan de gerzen bedragen sa'n 95% fan ús fiedselferlet.

It beweidzjende gers kin sa suksesfol wêze omdat it syn ynvestearring benammen ûnder de grûn hâldt. It slaat syn fiedselfoarraad op yn de woartels. Dit makket dat it alhiel net slim is wannear in weidzjend dier alle sprietfoarmige blêdens boppe de grûn opiet, want yn koarte tiid waakse der alwer nije blêd fanút de energyreserves yn de woartels. Ek in steppebrân makket it gers net út.

It gers foarmet in soartmint symbiose mei de weidzjende dieren, troch in fan wjerskanten ôfhinklikens: De dieren binne ôfhinklik fan it gers, mar it gers is dat ek fan de dieren, omdat de dieren net allinnich it gers opite mar ek oare planten, dy't oars heger groeie soene dan it gers en it wichtige sinneljocht foart helle soe.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]