Springe nei ynhâld

Hoarnûle

Ut Wikipedy
hoarnûle
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftûle-eftigen (Strigiformes)
famyljeûlefûgels (Strigidae)
skaaiearûlen (Asio)
soarte
Asio otus
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     seizoenlikens ûnwis


De hoarnûle (Asio otus) is in relatyf grutte ûle, dy't foarkomt yn hiel Jeropa, mei útsûndering fan Yslân. De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard as Strix otus yn 1758 publisearre troch Carl Linnaeus.

Fûgel yn Kanada.

De hoarnûle wurdt 35 oant 37 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 84 oant 95 sintimeter en weaget 210 oant 330 gram en is goed werkenber as er wach is oan syn grutte earplûmen en syn oranjegiele eagen. Yn 'e rêst en as er him op gemak field lizze de earplûmen plat op 'e kop. Betizing mei de oehoe is mooglik, mar dy is in stik grutter.

It fearrekleed is gielbrún oant griisbrún mei donkere, swartbrune lingtestreken en fine dwersstreken. Dat patroan jout de fûgel in goede skutkleur. De ûnderkant is ljochter en gieleftich oant krêmkleurich mei opfallende donkere lingtestreken en ek fine dwersstreken. It boarst hat swiere fertikale streken dy't nei de búk ta finer wurde, It gesicht hat in opfallende ljocht okerkleurige oant oranjebrune gesichtswâle mei in donkere râne. De eagen binne helder oranje. De wjukken en de sturt binne brún mei donkere dwersbannen.

De hoarnûle komt foar yn boskeftige gebieten mei nullebeammen en iepen terreinen.

Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:

Fersprieding yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte briedt yn in grut tal soarten lânskippen, mar is net te finen yn grutte bosken, beamleaze gebieten en binnenstêden. Sûnt 1985 is de Nederlânske populaasje sterk tebekrûn. Eartiids wie de fûgel in normale briedfûgel yn 'e grutte bosken op 'e sângrûn, mar dêr ferdwûn de fûgel. Dat hat te meitsjen mei hauken, dy't op jonge hoarnûlen en âlde eksimplaren jeie. Meidat swarte krieën en eksters ôfnimme en de hoarnûle gebrûk makket fan harren nêsten, hat dy tebekgong ek ynfloed op 'e populaasje fan 'e hoarnûle. It oantal pearkes yn Nederlân wurdt op in pear tûzen rûsd. Winterdeis is de populaasje wat grutter.

Folwoeksen fûgels bliuwe it hiele jier by it briedplak yn 'e buert, mar jonge fûgels swalkje hûnderten kilometers fuort. Winterdeis wurdt de Nederlânske populaasje oanfolle mei hoarnûlen út Noard-Jeropa en Ruslân en meie se graach yn groepkes wêze. Yn 'e rêstplakken kinne groepen bytiden wol 100 hoarnûlen telle.

De hoarnûle is by 't tsjuster aktyf, wylst er him oerdeis meast yn 'e beammen skûlhâldt. Dit yn tsjinstelling ta de fjildûle, dy't ek wol oerdeis aktyf is. By 't winter siket er grien bliuwende beammen út, lykas as spjirren. De hoarnûle jaget fral op kjifdieren en ek wol op lytse fûgels.

It lechsel bestiet ornaris út fjouwer oant seis glânzgjend wite, relatyf rûne aaien en de fûgel begjint yn april oant maaie te brieden. De aaien komme nei sa'n 26 dagen út. Lykas by de measte ûlen begjint it wyfke fuort by it earst leine aai te brieden. It gefolch dêrfan is dat de jongen yn it nêst net like grut binne. De jongsten binne lytser en hawwe in lytsere kâns om út te fleanen as de âldsten.

Ofbylden

De wrâldpopulaasje is mei in rûzing út 2021 fan 2.200.000 oant 3.700.000 fûgels grut en ek it ferspriedingsgebiet is grut. Alhoewol't de hoarnûle troch predaasje fan in tanimmend tal rôffûgels ôfnimt, klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List. Op 'e Nederlânske Reade List is de status sûnt 2004 kwetsber.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: