Springe nei ynhâld

Wytstirns

Ut Wikipedy
wytstirns
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje seefûgels (Laridae)
skaai wytstirnzen (Sterna)
soarte
Sterna hirundo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


De wytstirns (Sterna hirundo) is in fûgel út de ûnderfamylje fan de stirnzen (Sterninae).

De wytstirns wurdt yn it Frysk ek wol fiskedief, fiskefanger, skotstirns as tiereliertsje neamd.

De wytstirns hat in protte fan de Noardske Stirns, mar is in bytsje lytser. Hy wurdt sa'n 35 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan sa'n 70 oant 80 sm. De fine wytstirns hat in swellesturt en in reade snaffel mei in swarte punt. De fearren binne wyt oant ljochtgriis en boppe op de kop is de fûgel swart. Syn poaten binne read.

Aaien fan 'e wytstirns.

De wytstirns komt foar oan de kust fan seeën en by it binnenwetter yn sawat hiel Jeropa. Yn de winter lûke se nei it suden en westen fan Afrika.

De wytstirns dûkt by it iten sykjen yn it wetter. Sa pakt er meast lytse fiskjes. Mar hy yt ek weakdieren en ynsekten.

De wytstirns briedet fan maaie oant augustus op net al te bot begroeide rots- as sâneilantsjes. Yn it binnenlân wurde faak keunstmjittich eilantsjes foar de fûgels yn it wetter lein. Yn it nêst, in kûltsje dat mei wat gêrs oanklaaid wurdt, leit it wyfke ien oant fjouwer aaien. De sa'n fjouwer sm. grutte aaien wurde yn trije wiken troch beide âlden útbrieden. It duorret dan noch trije oant fjouwer wike oant de jongen útfleane.

Commons Commons: Wytstirns – foto, fideo en harktriemmen