Wilstereftigen
Wilstereftigen | ||
In maskerljip (Vanellus miles) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
Huxley, 1867 | ||
De wilstereftigen (Latynske namme: Charadriiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Ta dit skift hearre sa'n 350 ûnderskate soarten fûgels, dy't har yn 'e regel yn 'e buert fan it wetter ophâlde en foar it meastepart lyts wetterdierte en/of ynsekten ite. Guon wilstereftigen libje lykwols op 'e iepen oseaan, wylst oaren yn 'e woastyn en in pear soarten yn tichte wâlden foarkomme.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarhinne waarden de wilstereftigen opdield yn trije ûnderskiften: de echte wilstereftigen (Charadrii), typyske kustfûgels; de seefûgeleftigen (Lari), dy't faak ek oan 'e kust, mar ek wol yn oare biotopen libje; en de alkfûgels (Alcae), kustfûgels dy't mear boud binne om ûnder wetter te swimmen as om te fleanen, en dy't op hege kliffen nêstelje. Letter waarden alle wilstereftigen ûnder de Sibley-Ahlquist-taksonomy op ien bulte smiten. Dy yndieling waard yn Noard-Amearika alteast rûnom akseptearre, mar de DNA-technyk dy't foar it ûndersyk brûkt waard dêr't dy yndieling op basearre is, wie net goed genôch om 'e ûnderlinge relaasjes binnen it skift fan 'e wilstereftigen wier út te tiizjen.
Nij ûndersyk út 2003 troch Per G.P. Ericson et al. smiet in bettere yndieling op, wêrby't de wilstereftigen ferdield waarden oer seis ûnderskiften: de echte wilstereftigen (Charadrii), de fjochtkwarteleftigen (Turnici), de iishineftigen (Chionidi), de kwartelsnipeftigen (Thinocori), de seefûgeleftigen (Lari) en de snipfûgeleftigen (Scolopaci). Noch wer nijere ynsichten laten yn 'e 2010-er jierren ta in yndieling yn trije ûnderskiften: de echte wilstereftigen (Charadrii), de seefûgeleftigen (Lari) en de snipfûgeleftigen (Scolopaci). De alkfûgels (Alcidae) foarmje no in famylje binnen it ûnderskift fan 'e seefûgeleftigen, mei't harren ôfwikende lichemsfoarm net mear sjoen wurdt as in teken dat wiist op taksonomyske ôfstân fan oare groepen, mar inkeld en allinne op in evolúsjonêre oanpassing om better dûke te kinnen.
Skiftopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References op dizze side.
|