De nijkakigen (Latynske namme: Neognathae) foarmje in tuskenklasse fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes). Ta dizze groep hearre hast alle libbene soartenfûgels, mear as 10.000 yn oantal. Inkeld de tinamû's en grutte rinfûgels, dy't it sustertakson fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) foarmje, bliuwe derbûten. De namme 'nijkakigen', in letterlike oersetting fan it Latynske Neognathae, ferwiist nei de 'nije' (neo) struktuer fan 'e kaak (gnath) by dizze fûgels. By de âldkakigen soe de kaakstruktuer nammentlik 'primitivere' (d.w.s. reptyleftige) skaaimerken fertoane. Nettsjinsteande de offisjele nammejouwing bestiet oer dit punt lykwols gjin wittenskiplike konsensus.
Sûnt it geologyske tiidrek fan it Kryt, dêr't de ierst bekende fossilen fan dizze groep út stamje, hawwe de nijkakigen har fluch oanpast oan feroarjende omstannichheden en nije biotopen, mei as gefolch it grutte ferskaat oan foarmen, funksjes en hâlden en dragen sa't dat hjoed de dei bestiet. De nijkakigen falle útinoar yn twa boppeskiften: de goes- en hineftigen (Galloanserae), dêr't û.m. de guozzen, swannen, einen, pauwen, fazanten en hinnen ta hearre; en de nije fûgels (Neoaves), in ûnbidich grutte groep dy't útinoar rint fan 'e ûlen oant de pinguins en fan 'e flamingo's oant de sjongfûgels. It grutste nijkakige skift is dat fan 'e moskeftigen (Passeriformes), dêr't 60% fan alle libbene fûgelsoarten ta heart. Dêrmei is dat skift mear as twa kear sa grut as it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en likernôch fiif kear sa ferskaat as dat fan 'e flearmûzen (Chiroptera), de beide grutste sûchdiereskiften.