Springe nei ynhâld

Falkfoarmigen

Ut Wikipedy
Falkfoarmigen
In reade wikel (Falco tinnunculus)
In reade wikel (Falco tinnunculus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang: súdfûgels (Australaves)
sûnder rang: falkfoarmigen (Eufalconimorphae)
Suh et al., 2011

De falkfoarmigen (Latynske namme: Eufalconimorphae) foarmje in pas yn 2011 definiëarre en dêrom noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groepen fan 'e lânfûgels (Telluraves) en de súdfûgels (Australaves).

Ta dizze groep hearre 3 skiften fûgels, nammentlik de falkeftigen (Falconiformes), de moskeftigen (Passeriformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes). Ut resint genetysk ûndersyk hat bliken dien dat de falkeftigen, dy't foarhinne altyd yndield wiene by de rôffûgels (Accipitriformes), eins selsstannich ta har hjoeddeiske foarm evoluëarre binne, en dat hja eins it naust besibbe binne oan 'e mosk- en pappegaai-eftigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.