Toer- en nachtsweleftigen
Toer- en nachtsweleftigen | ||
In Amerikaanske nachtswel (Chordeiles minor). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
sûnder rang: | hegere fûgels (Metaves) | |
sûnder rang: | toer- en nachtsweleftigen (Cypselomorphae) | |
Huxley, 1867 | ||
De toer- en nachtsweleftigen (Latynske namme: Cypselomorphae of ek wol Strisores) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves).
Ta dizze groep hearden foarhinne 3 skiften fûgels, nammentlik de nachtsweleftigen (Caprimulgiformes), de dwerchnachtsweleftigen (Aegotheliformes) en de toersweleftigen (Apodiformes). De beide lêste groepen binne nauwer mei-inoar besibbe as mei de nachtsweleftigen, en binne dêrom ûnderbrocht yn in fierder rangleas tuskentakson: dat fan 'e toer- en dwerchnachtsweleftigen (Daedalornithes). Ferskate fossile taksons (fariëarjend fan it lette Paleoseen oant it iere Oligoseen) wurde ûnder foarbehâld ek yn 'e groep fan 'e toer- en nachtsweleftigen pleatst.
Sûnt 2020 wurdt it eardere skift fan 'e nachtsweleftigen as parafyletysk en dus ûnjildich beskôge. De trije famyljes út dy groep binne dêrom ta selsstannige skiften befoardere: de reuzenachtsweleftigen (Nyctibiiformes), fetfûgels (Steatornithiformes) en kikkertbekeftigen (Podargiformes).
Groepsopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side. |