Rôldereftigen
rôldereftigen | ||
![]() | ||
In lilaboarstrôlder (Coracias caudata). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | rôldereftigen (Coraciiformes) | |
Forbes, 1884 | ||
De rôldereftigen (wittenskiplike namme: Coraciiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), dy't foar it meastepart bestiet út lytseftige, bûnt kleure ynsektivoaren en iters fan fisken, amfibyen en hagedissen. Ta de rôldereftigen hearre seis taksonomyske famyljes. De bekendste soarten út it skift binne de iisfûgel (Alcedo atthis) en de bijefretter (Merops apiaster).
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oantsjutting 'rôldereftigen' komt fan 'e typefamylje fan dit skift, de rôlders (Coraciidae). De namme fan dy famylje ferwiist nei de karakteristike rôl fan 'e kop wêrmei't de fûgels har yn 'e snaffel fêstholden proai deaslane. De wittenskiplike namme Coraciiformes is Latyn foar "raven-foarmigen", fan corax ("raven") en forma ("foarm").
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rôldereftigen binne yn har fersprieding fierhinne beheind ta de Alde Wrâld. De fertsjintwurdiging fan dit skift yn 'e Nije Wrâld bestiet út 'e fiif soarten todys (Todidae), de fjirtjin soarten motmots (Motmotidae) en in hantsjefol soarten iisfûgels (Alcedinidae). Yn totaal binne der sa'n 186 soarten rôldereftigen.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rôldereftigen binne oer it algemien lytseftige fûgels mei in kleurryk fearrekleed. De measte soarten hawwe syndaktyly, wat sizze wol dat der oan 'e poaten trije teannen foarút wize en ien efterút. Dêrby binne de trêde en de fjirde tean oan 'e basis mei-inoar fergroeid. By in protte iisfûgels (Alcedinidae) ûntbrekt ien fan 'e nei foarren wizende teannen. De measte famyljes fan 'e rôldereftigen besteane út soarten dy't yn haadsaak ynsektivoar binne. De iisfûgels binne yn it foarste plak piskivoaren (fiskefretters), hoewol't guon soarten ek kikkerts en oare amfibyen en sels lytse hagedissen frette. Wat alle rôldereftigen mei-inoar ferbynt, is dat se de proai, as se dy ienris yn 'e snaffel hawwe, mei in rôl fan 'e kop earne tsjin oan slane om him te deadzjen of te ferdôvjen, sadat se him sûnder tsjinakseljen trochslokke kinne.
Skiftopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Foarhinne waarden der nòch fjouwer famyljes ta de rôldereftigen rekkene: de noashoarnfûgels (Bucerotidae), hoarnravens (Bucorvidae), hûpen (Upupidae) en beamhûpen (Phoeniculidae). Op basis fan nij DNA-ûndersyk wurde dy sûnt 2017 lykwols yn it eigen skift fan 'e noashoarnfûgeleftigen (Bucerotiformes) pleatst. De koerol (Leptosomus discolor) wurdt soms noch yn in eigen famylje (Leptosomidae) by de rôldereftigen yndield, mar heart dêr nei alle gedachten net thús en wurdt dêrom no ornaris yn in eigen skift pleats, dat fan 'e koeroleftigen (Leptosomiformes). Ek de trogons (Trogonidae) wurde soms yn dit skift pleatst, mar tsjintwurdich krije se faker in eigen skift, de trogoneftigen (Trogoniformes).
Fierders binne der noch ferskate fossile famyljes dy't ta de rôldereftigen hearre:
- Eocoraciidae út it Mid-Eoseen
- Geranopteridae út it Let Eoseen oant Ier Mioseen
- Primobucconidae út it Mid-Eoseen oant Ier Oligoseen
Soms wurde de folgjende fossile famyljes ek yn it skift fan 'e rôldereftigen pleatst (mar dat is twifelich):
- Palaeospizidae út it Let Eoseen
- Sylphornithidae út it Ier Oligoseen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|