Springe nei ynhâld

Iisfûgels

Ut Wikipedy
iisfûgels
De (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis).
De (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje:iisfûgels (Alcedinidae)
Rafinesque, 1815
Ferspriedingsgebiet
De (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis).
It ferspriedingsgebiet fan alle iisfûgelsoarten.

De iisfûgels (wittenskiplike namme: Alcedinidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes). It is ien fan seis famyljes yn dat skift. Der binne 118 ûnderskate soarten iisfûgels, dy't ferdield binne oer 3 ûnderfamyljes en 18 skaaien. De measte soarten komme inkeld foar yn wâlden yn tropyske en subtropyske klimaten. Iisfûgels binne lytse, kleurrike fûgels, dy't foar it meastepart in bân mei oerflaktewetters hawwe. Se wurde karakterisearre troch in grutte kop yn ferhâlding ta it lichem, dy't tarist is mei in lange, skerpe, puntige snaffel. De poatsjes binne mar koart en itselde jildt foar de sturt. Der bestiet ornaris mar in bytsje seksuele dimorfy. Guon iisfûgels frette suver útslutend fisk, mar oare soarten lizze har benammen ta op it fangen fan ynsekten en oare lytse wringeleazen.

De iisfûgels foarmje in famylje fan fûgels dy't ûnderbrocht is yn it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes), yn 'e mande mei de bijefretters (Meropidae), grûnrôlders (Brachypteraciidae), motmots (Momotidae), rôlders (Coraciidae) en todys (Todidae). De famylje waard yn 1815 yntrodusearre (as Alcedia) troch de Frânske wittenskipper Constantine Samuel Rafinesque. De iisfûgels binne al sûnt de njoggentjinde iuw ferdield oer trije ûnderfamyljes: de beamiisfûgels (Halcyoninae), de rivieriisfûgels (Alcedininae) en de wetteriisfûgels (Cerylinae).

In azueriisfûgel (Ceyx azureus).

De wittenskiplike namme Alcedinidae giet werom op 'e Grykske mytology. Alkyone (yn it Latyn: Alcedo) wie ien fan 'e Plejaden, dy't troude mei in Ceyx. Dyselde kaam om doe't syn skip breksloech, wêrnei't Alkyone út fertriet selsmoard die troch harsels te ferdrinken. De goaden soene har doe beiden wer ta libben wekke hawwe yn 'e foarm fan iisfûgels.

Iisfûgels hawwe in kosmopolityske fersprieding, hoewol't se ûntbrekke op Antarktika, yn it uterste noarden fan Noard-Amearika en Jeraazje en yn 'e woastinen fan Noard-Afrika, it Arabysk Skiereilân en Sintraal-Aazje. De measten fan 'e 118 soarten libje yn tropyske of subtropyske gebieten. Dêrby leit it swiertepunt fan 'e fersprieding (d.w.s. dêr't de measte soarten foarkomme) yn Nij-Guineä, it easten fan 'e Yndyske Arsjipel, noardlik Austraalje en súdwestlik Oseaanje (benammen de Salomonseilannen).

Yn 'e Nije Wrâld komme mar seis iisfûgelsoarten foar (fan 'e 118), wêrfan't inkeld de bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) yn 'e minder waarme dielen fan Noard-Amearika libbet. Yn Jeraazje bestiet deselde sitewaasje, mei mar ien soarte, de (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis), dy't foarkomt yn 'e minder waarme dielen fan Jeropa en westlik Aazje. De measte soarten yn 'e tropen hawwe folle lytsere ferspriedingsgebieten en binne soms sels endemysk op ien inkeld eilân, lykas de Kofiauflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera ellioti) fan Kofiau foar de westkust fan Nij-Guineä, of de Niau-iisfûgel (Todiramphus gertrudae) fan Niau yn 'e Tûamotû-eilannen fan Frânsk-Polyneezje.

Iisfûgels komme foar yn in grut ferskaat oan biotopen. De measte soarten kinne net sûnder oerflaktewetters yn har om-en-by, lykas rivieren, beken, marren, puollen of sompen. Yn 'e regel giet it dêrby om oerflaktewetters binnen wâldbiotopen. De readrêchiisfûgel (Todiramphus pyrrhopygius) út Austraalje libbet dêre lykwols yn 'e drûchste woastinen, ek al komme der yn oare grutte woastinen op 'e wrâld, lykas de Sahara yn Afrika en de Goby yn Aazje, gjin iisfûgels foar. Oare soarten libje heech yn 'e bergen of op savannes, en party soarten hawwe har spesjalisearre ta it libjen op tropyske koraalatollen. In protte iisfûgelsoarten hawwe har fierders yn hegere of mindere mjitte oanpast om te libjen yn kultuerlân dat yn agrarysk gebrûk is, of sels yn stedske gebieten, lykas parken en tunen.

In kookaburra (Dacelo novaeguineae).

Iisfûgels binne oer it algemien lytseftige fûgeltsje mei in yn ferhâlding ta it lichem grutte kop en in lange snaffel mei in skerpe punt. Yn absolute termen fariëarje se fan 'e brúnkopdwerchiisfûgel (Ispidina lecontei), mei in totale lichemslingte fan likernôch 10 sm en in gewicht fan 9-12 g, oant de Afrikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle maxima), mei in lingte fan 42–46 sm en in gewicht fan 255–426 g. It swierst is lykwols de kookaburra (Dacelo novaeguineae) út Austraalje, wêrfan't de wyfkes in gewicht fan krapoan 500 g berikke.

De poaten fan iisfûgels binne koart en lyts. De measte soarten hawwe fjouwer teannen (of trije wêrfan't ien bestiet út twa mei-inoar fergroeide teannen). Iisfûgels binne syndaktyl, wat sizze wol dat se trije (of twa) teannen hawwe dy't foarút wize en ien dy't efterút wiist. (Yn tsjinstelling ta sygodaktyle spjochteftigen, pappegaai-eftigen en ûle-eftigen, by wa't twa teannen foarút wize en twa efterút.)

It fearrekleed fan 'e measte iisfûgels is fel kleure en dêrmei tige opfallend. De meast foarkommende kleuren binne grien en blau, mar gjin inkele soarte hat in fearrekleed dat effen kleure is. Ek de kleurekombinaasjes binne opfallend, bygelyks swart en wyt (bûnte iisfûgel), dûnkerblau en wyt (wâldiisfûgel), ljochtblau en oranje (gewoane iisfûgel) en kanarjegiel en brún (lytse gielsnaffeliisfûgel). By de measte soarten komt seksuele dimorfy net of mar skraachoan foar. As der al ferskil fan uterlik tusken de geslachten bestiet, is dat mar lyts (minder as 10% fan it uterlik).

In lytse gielsnaffeliisfûgel (Syma torotoro).

Iisfûgels binne karnivoaren, dy't in ferskaat oan proaien frette. Om't dat by de gewoane iisfûgel (Alcedo atthis) sa is, dy't yn Nederlân foarkomt, wurdt faak tocht dat iisfûgels inkeld fisk ite, mar dat is mis. Guon soarten hawwe har, lykas de gewoane iisfûgel, spesjalisearre ta it fangen fan fisk, wêrby't se fan in plak op in oerhingjend tûkje ôf nei gaadlike proaien speure en dan opfleane en as in pylk, mei de snaffel foarút, it wetter yn dûke. By súkses komme se mei in fiskje yn 'e snaffel wer boppe en fleane nei in tûkje dêr't se de proai lytsman meitsje nei't se him mei in rôl fan 'e kop in pear kear earne tsjinoan slein hawwe om him te deadzjen of alteast te ferdôvjen. Dêrnei bliuwe se noch in skoftke sitten om wer hielendal op te drûgjen, wêrnei't de jacht wer op 'e nij begjinne kin.

Oare soarten iisfûgels binne ynsektivoaren, dy't gjin fisk frette, mar ynsekten en oare lyts dierte, lykas tûzenpoaten, wjirmen, weakdieren, spinnen, kreefteftigen en sels lytse hagedissen, fûgels of sûchdieren. Fral iisfûgelsoarten dy't yn it tropysk reinwâld libje, frette oer it algemien ynsekten, benammen sprinkhoannen. De readrêchiisfûgel (Todiramphus pyrrhopygius) brekt mei syn snaffel de fan modder makke nêsten fan feesweltsjes (Petrochelidon ariel) iepen om 'e piken te ferslinen. De kikkertbekiisfûgel (Dacelo rex) brûkt syn massive, ûn-iisfûgel-eftige snaffel om yn sêfte modder te graven nei ringwjirmen.

Iisfûgels binne territoriaal en ferdigenje har domein fûleindich. Oer it algemien binne se monogaam, mar koöperative foarmen fan brieden (wêrby't bygelyks jongen út in earder jier help om it nije lechsel út te brieden en de piken te fuorjen) komme by guon soarten in protte foar, lykas by de kookaburra (Dacelo novaeguineae). Nêsteljen dogge iisfûgels sawol yn beammen as yn eigengroeven hoalen yn steile wâlen. Guon soarten meitsje har nêst ek yn beamholten of yn termitenêsten yn beammen. It tal aaien per lechsel ferskilt nei soarte, mar de kleur is altyd effen wyt. Beide âlden bebriede it lechsel en fuorje de piken, dy't nêstbliuwers binne en keal en helpleas út it aai komme. Ornaris bliuwe de piken 3–4 moannen by de âlden.

In wâldiisfûgel, (Todiramphus macleayii).

De measte iisfûgelsoarten kinne har yn 'e moderne, troch de minske oerhearske wrâld goed rêde, mar mei party soarten is it yn it neigean rekke. Dêrby giet it ornaris om guon dy't mar op ien eilân of inkele eilannen foarkomme. Ien soarte, de Mangareva-iisfûgel (Todiramphus gambieri), is útstoarn. Dy kaam inkeld foar op it eiân Mangareva yn 'e Gambierarsjipel fan Frânsk-Polyneezje. In oare soarte, de Gûamiisfûgel (Todiramphus cinnamominus) fan Gûam, is útstoarn yn it wyld (mar komt yn finzenskip noch foar). Ferskate soarten, lykas de Markesasiisfûgel (Todiramphus godeffroyi) fan 'e Markesaseilannen yn Frânsk-Polyneezje, wurde sterk yn har fuortbestean bedrige. De oarsaken binne ornaris habitatferlies en habitatdegradaasje troch minsklike aktiviteiten, lykas de útwreiding fan feehâlderij en it mei sin of by fersin yntrodusearjen fan eksoatyske rôfdieren (katten, rotten, ensfh.).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.