Springe nei ynhâld

Rôlders

Ut Wikipedy
Rôlders
Yndyske rôlder (Coracias benghalensis)
Yndyske rôlder (Coracias benghalensis)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje: rôlders (Coraciidae)
Rafinesque-Schmaltz, 1815

De rôlders (wittenskiplike namme: Coraciidae), ek rôlderfûgels of skarrelders neamd, binne in famylje fan kleurige fûgels yn it skift fan de rôldereftigen (Coraciiformes). De famylje telt 13 soarten ferdield oer 2 skaaien. De measte famyljelidden komme yn Afrika foar, inkelde yn Súd-Aazje. Allinnich de gewoane rôlder komt ek yn Jeropa foar, yn Nederlân allinnich ûnregelmjittich. De rôlders binne trochinoar sa'n 30-35 cm grut, like sa grut as in lytse krie-eftige. De oerienkomst mei de krieën komt ek werom yn de wittenskiplike nammen Coraciiformes, Coraciidae en Coracias (Lat. corax = raven), mar oars as de krie-eftigen falle de rôlders net ûnder de sjongfûgels en binne dy net swart.