Hineftigen

Ut Wikipedy
hineftigen
In Seylonhin (Gallus lafayettii).
In Seylonhin (Gallus lafayettii).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
Temminck, 1820

De hineftigen (Latynske namme: Galliformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae). Ta dit skift hearre likernôch 290 libbene soarten, wêrûnder sokke bekende fûgels as de hin (Gallus gallus domesticus), de kalkoen (Meleagris gallopavo), de (blauwe) pau (Pavo cristatus), de patriis (Perdix perdix) en de fazant (Phasianus colchicus). De namme fan it skift is ôfkomstich fan gallus, it Latynske wurd foar 'hoanne'.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hineftigen komme foar op alle wrâlddielen, mei útsûndering fan Antarktika. De iennichste plakken op 'e Ierde dêr't se ûntbrekke, binne woastinen, lâniisflakten en eilannen dy't fier út 'e kust yn 'e oseaan lizze, hoewol't se op in protte dêrfan troch de minske yntrodusearre binne. Ferskate soarten, mei yn 't foarste plak de hin en yn mindere mjitte de kalkoen, binne lang lyn troch de minske domestisearre, en hawwe in yngeande en komplekse relaasje mei minskheid, dy't se hâldt foar aaien en foar it fleis. Oare soarten, lykas de pau en de fazant, wurde inkeld as sierfûgels holden. Mantsjes fan 'e hineftigen wurde 'hoanne' neamd, en wyfkes 'hin'.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien binne hineftigen typyske grûnfûgels, dy't net fier of heech fleane kinne en in plodske lichemsbou hawwe. Se hawwe gjin fûgeltrek, mar binne wichtich as siedfersprieders en as ynsektivoaren en wjirmefretters yn 'e biotopen dy't se bewenje. Se briede op 'e grûn en binne sûnder útsûndering nêstflechters. In protte hineftigen binne feardige hurddravers dy't oan predaasje ûntkomme troch geandefoets út te naaien ynstee fan fuort te fleanen. Oare soarten ferbergje har by gefaar yn strewelleguod. De mantsjes hawwe faak yngewikkelde baltsrituëlen wêrby't paradearjen, it útsetten fan sturt- en kopfearren en it meitsjen fan karakteristike lûden in rol spylje.

Skiftopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.