Predaasje

Ut Wikipedy
Predaasje.
rôfdier wiist troch nei dizze side. Foar it taksonomyske skift Carnivora, sjoch: rôfdieren.
rôffûgel wiist troch nei dizze side. Foar it taksonomyske skift Accipitriformes, sjoch: rôffûgels.

Predaasje is in ferskynsel fan biologyske ynteraksje tusken ferskillende soarten organismen, wêrby't it iene, de proai, fongen en opiten wurdt troch it oare, it rôfdier, dat eins better predator neamd wurde kin (want it kin ek in fleisitende plant wêze). Spesifikere oantsjuttings binne rôffûgel foar predators dy't fûgels binne, rôffisk foar predators dy't fisken binne, ensfh. Predators deadzje yn 'e regel har proai foar't se dy opite, mar net altyd. Likegoed einiget (súksesfolle) predaasje yn it algemien mei de dea fan 'e proai.

Oare foarmen fan konsumpsje fan organismen binne herbivory (it iten fan planten of dielen fan planten), mykofagy (it iten fan skimmels) en detrivory (it iten fan ies, d.w.s. dierlik of plantaardich materiaal dat al dea of ôfstoarn is). It kin dreech wêze om 'e ferskillende konsumpsjefoarmen faninoar te ûnderskieden. Om in pear foarbylden te jaan: as in ko by it iten fan gers ynsekten binnenkriget, is dat dan in foarm fan predaasje? En hoe moat men it sjen as in parasyt syn aaien leit yn in wûne fan syn gasthearsoart, dy't de útkommen larven dan fan binnenút oanfrette?

It wichtichste skaaimerk fan predaasje is lykwols de direkte ynfloed dy't it hâlden en dragen fan 'e predator hat op 'e populaasje fan 'e proai. Dy ynfloed is oer it algemien geunstich, want sûnder de rôfdieren dy't de âlde, sike en swakke proaien ôfskiftsje en opfrette, soe it mei de proaisoarte yn it ûnleech reitsje. Sa'n selektive druk liedt gauris ta in evolúsjonêre wapenwedrin tusken predator en proai, wêrby't de proai oanpassings ûntwikkelet dy't him by steat stelle om oan 'e predator te ûntkommen (want de eksimplaren dy't ûntkomme binne dejingen dy't har fuortplantsje en jouwe dus sa in nije eigenskip oan harren neikommelingen troch), wylst de predator dan sels ek wer oanpassings ûntjout om 'e nije oanpassings fan 'e proai te oerwinnen (want de eksimplaren dy't de proai fange binne dejingen dy't oerlibje en jouwe dus dy nije eigenskip oan har neikommelingen troch). Dizze syklus kin yn prinsipe oant yn it ûneinige trochgean.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.