Springe nei ynhâld

Aai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aai (fieding))

1. kalkskaal
2. skaalflues
3. binnenste skaalflues
4. hagelsnoer
5. bûtenste aaiwyt
6. middelste aaiwyt
7. djerreflues
8. djerre
9. kymplak (of foarmingsdjerre)
10. donkere djerre
11. kleare djerre
12. binnenste aaiwyt
13. hagelsnoer
14. luchtkeamer
15. cuticula
Dizze side giet oer it lechsel fan bisten. Foar oare betsjuttings, sjoch: aai (betsjuttingsside).

In aai is in organysk foarwerp dat troch in froulik bist produsearre wurdt om in aaisel te dragen. Dy is ornaris mei in siedsel fan in manlike soartgenoat befruchte ta in sygoate. It doel is om it aai te ynkubearjen oant it embryo útwoeksen is ta in dierlike foetus dy't selsstannich oerlibje kin. Op dat punt yn 'e ûntwikkeling komt it aai út. De fuortplanting troch it lizzen fan aaien hjit ovipary.

In aai is opboud út in djerre (it "aaigiel"), besteande út 'e sygoate dy't útgroeit ta in embryo en letter ta in foetus, mei dêropta in protte fiedingsstoffen. Dêromhinne sit in beskermjend omklaaisel dat oan 'e ein fan 'e ûntwikkeling ek opiten wurdt: it "aaiwyt", dat in soad wetter befettet.

It lizzen fan aaien (ovipary) komt by in hiel soad tige ferskillende bisten foar. Sa dogge de measte lidpoatigen it, wêrûnder ynsekten, spineftigen, kreefteftigen en tûzenpoateftigen. Skorpioenen, dy't ta de spineftigen hearre, lizze lykwols gjin aaien. Ek oare wringeleazen, lykas weakdieren (slakken, inketfisken, ensfh.) lizze aaien. By de wringedieren komt it lizzen fan aaien benammen foar by fisken, amfibyen, reptilen en fûgels. Mar beskate fisken, lykas guon soarten haaien, binne libbenbernjend, krekt as de measte sûchdieren. Der is lykwols ien skift fan sûchdieren, de snaffeldieren (Monotremata), wêrfan't de soarten wer wol aaien lizze.

Aaien fan ferskate fûgels, reptilen, fisken, weakdieren en ynsekten.

Guon aaien binne sêft en glysterich en wurde beskerme troch in laach slym, lykas kikkertdril, dat de klútsjes aaien fan kikkerts binne. Fûgelaaien wurde beskerme troch in hurde, kalkeftige skaal. De skaal fan reptile-aaien is earder taai as hurd, mar biedt dêrom net minder beskerming. Fûgelaaien binne ovaal fan foarm, mar reptile- en amfibye-aaien binne rûn(ich). De aaien fan haaien en inketfisken kinne hiele oare foarmen hawwe, ôfplatte of sels spiraalfoarmich. It grutste dokumintearre aai wie dat fan in walfiskhaai (Rhincodon typus), dat 30 sm by 14 sm by 9 sm meat.

De Wikipedy hat ek in side aai (iten).

Aaien fan 'e iene bistesoarte binne faak iten foar yndividuën fan 'e oare soarte. Ek kannibalisme binnen deselde soarte wol foar. De aaien fan hinnen en oar plomfee, en fan sommige fisken (kaviaar), wurde troch de minske iten.

De aaien fan fûgels wurde meastentiids yn in nêst lein, dêr't se troch ien of beide âlden bebret wurde. De lingte fan 'e briedtiid ferskilt nei fûgelsoarte. Ek hoe't de aaien der útsjogge, ferskilt al neigeraden de soarte. It grutste fûgelaai is dat fan 'e strúsfûgel (Struthio camelus), dat 17,8 sm by 14 sm mjit en 11/2 kg weagje kin. De bijkolibry (Mellisuga helenae) produsearret wrâlds lytste fûgelaai, dat mar 6,4 mm lang is en 1/2 g weaget.

Eartiids waard de kennis fan 'e ferskillen tusken de aaien brûkt as in metoade om fûgels te determinearjen. Dêrneist waard it sammeljen fan aaien, yn 'e wittenskip oantsjut as oölogy, ek as hobby útoefene. Mei de ynfiering op 23 septimber 1912 fan 'e Fûgelwet waard it yn Nederlân "ferbean [om] aaien fan beskerme fûgels út te heljen, ta ferkeap foarhannen te hawwen, te keap oan te bieden, te ferkeapjen, ôf te leverjen of te ferfieren." In útsûndering waard makke foar it sykjen fan ljipaaien en fan aaien fan inkele oare fûgelsoarten. Allinnich foar it oanlizzen fan wittenskiplike kolleksjes yn it ramt fan 'e ornitology waarden neitiid noch ûntheffings op 'e Fûgelwet ferliend. Sokke kolleksjes bsteane no allinnich noch yn museä.

Ien fan 'e grutste oölogyske kolleksjes fan Nederlân, dy fan Albertus Adrianus Hey út Hillegom (19051982), dy't earder yn it besikerssintrum De Oranjekom yn de Amsterdamske Wetterliedingdunen yn Vogelenzang, bedarre wie, is no op 'e noed fan it Naturalis yn Leien. De kolleksje bestie út 382 aaien fan 81 fûgelsoarten en is nei alle gedachten yn 'e lette 1940-er en de 1950-er jierren fan de tweintichste iuw ta stân komd. De aaien kamen foar it meastepart út 'e Amsterdamske Wetterliedingdunen en inkele gebieten yn 'e Saanstreek.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.