Antarktika

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wrâldkaart mei it plak fan Antarktika
Satellytfoto fan Antarktika

Antarktika is in wrâlddiel rûn de súdpoal fan de ierde, mei der omhinne de Súdlike Oseaan of Antarktyske Oseaan. Dy oseaan rint oer yn de Grutte Oseaan en de Yndyske Oseaan, wêrby de grins tsjintwurdich fêststeld is as de 60e breedtegraad.

Op Antarktika lizze gjin lannen, wol binne der in tal lannen dy't der ûndersyk dogge. De measte dêrfan hawwe dêrta ûndersykstasjons op Antartika. Nederlân is in útsûndering om't it al ûndersyk docht mar gjin eigen stasjon yn it gebiet boud hat.

Ferskate lannen hawwe oanspraak makke op parten fan Antarktika. Sokke gebietsoanspraken genietsje ynternasjonaal gjin erkenning en troch it Antarktysk Ferdrach wurde se bekrêftige noch ûntstriden. Op kaarten wurde se lykwols gauris oanjûn om't der oars sa'n grut wyt plak op 'e kaart komt.

Steat Gebiet Kleemgrinsen Sûnt
Flag of Argentina.svg Argentynje Argentynsk Antarktika 25°W oant 74°W 1943
Flag of Australia.svg Austraalje Australysk Antarktysk Territoarium 160°E oant 142°2′W en 136°11′W oant 44°38′E 1933
Flag of Brazil.svg Brazylje Brazyljaansk Antarktika 28°W oant 53°W 1986
Flag of France.svg Frankryk Adelylân 142°2′E oant 136°11′E 1924
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje Britske Antarktyske en Súdlike Territoaria 20°W oant 80°W 1908
Flag of Norway.svg Noarwegen Keninginnne Maudlân 44°38′E oant 20°W 1939
Peter I-Eilân 68°50′S 90°35′W 1929
Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân Ross-ôfhinklikheidsgebiet 150°W oant 160°E 1923
Flag of Chile.svg Sily Sileensk Antarktika 53°W oant 90°W 1940
Net kleemd 90°W oant 150°W
  • Dútslân hie tusken 1939 en 1945 ek in gebietsoanspraak op Antarktika, mei de namme Nij-Swaben. It lei tusken 20°E to 10°W, en wie de oernommen Noarske gebietsoanspraak .
  • Súd-Afrika hie tusken 1963 en 1994 ek in gebietsoanspraak op Antarktika.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart van Antarctica uit 1912

Der bestiene al iuwen fermoedens oer in bestean fan in súdlik kontinint, mar earst yn 1820 waard Antarktika echt "ûntdutsen". Ein jannewaris fan dat jier berikten trije ekspedysjes koart efterelkoar it kontinint: de Rus Fabian von Bellingshausen, de Brit Edward Bransfield en de Amerikaan Nathaniel Palmer.

Tusken 1897 en 1899 waard foar it earst (twongen) oerwintere op Antarktika ûnder de Belgyske ekspedysje laat troch Adrien de Gerlache mei it skip de Belgica.

Op 14 desimber 1911 berikte de Noar Roald Amundsen as earste de Súdpoal. Ek yn 1911/1912 besocht in Britske eksepysje ûnder Robert Scott de Súdpoal te berikken. Dat slagge mei muoite yn 1912, mar alle dielnimmers oan de ekspedysje ferlearen it libben op de weromreis.

Yn desimber 1963 berikte G.M.A. Brummer, luitenant-op-see 1e klasse, as earste Nederlanner de Súdpoal. Hy wie de navigator fan in Amerikaansk fleantúch dy't as ofsier taheakke wie oan de Amerikaanse Taskforce 43. Dy ferkende Antarktika mei help fan de iisbrekker USS Glacier.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algemien Deiblêd 20 april 1963