Springe nei ynhâld

Terra Australis

Ut Wikipedy
Wrâldkaart fan Mercator (1587) mei it Terra Australis.

Terra Australis, folslein Terra australis incognita (Latyn foar 'it ûnbekende lân yn it suden'), wie in ûndersteld kontinint op it súdlik healrûn. Oare nammen foar it kontinint wiene Magallanica of Magellanica ('it lân fan Magellaan"), La Australia del Espíritu Santo (Spaansk: 'it súdlân fan de Hillige Geast') en La grande isle de Java (Frânsk: ít grutte eilân fan Java). De oantsjutting is fan Ptolemeus, dy't tocht dat de Yndyske Oseaan fan lân omjûn wie en dy't Terra Australis oan de súdrâne dêrfan tocht hie.

Lettere kartografen tekenen it lân yn it suden fan de wrâld, mar folle fierder nei it suden ta as Antarktika. Under oaren Nij-Seelân waard, nei de ûntdekkings fan Abel Tasman, foar in part fan Terra Australis oansjoen.

De myte fan Terra Australis wie it mei dien troch de reizen fan James Cook. Hy fear op syn earste reis om Nij-Seelân hinne en op syn twadde krúste er op hege súdlike breedte. Sa liet er sjen dat it súdlik kontinint allinne yn de poalkriten lizze koe.

Dêrnei kaam Terra Australis net mear op de kaart foar, of it waard lykslein mei it wol besteande Austraalje.