Jacob Roggeveen
Jacob Roggeveen (Middelburch, jannewaris 1659 - dêre, 31 jannewaris 1729) wie in Nederlânske ûntdekkingsreizger dy't útstjoerd waard om it Súdlân te sykjen, mar tafallich Peaske-eilân ûntduts.
Foardat er syn ferneamde reis begûn wie er notaris fan Middelburch fan 30 maart 1683 ôf. Op 12 augustus 1690 promovearre er ta doktor yn de rjochten oan de Universiteit fan Hurderwyk en tusken 1707 en 1714 wie er Riedshear fan Justysje te Batavia.
Syn heit, Arent Roggeveen, wie in wiskundige mei in protte ferstân fan stjerrekunde, ierdrykskunde en de teory fan de seefeart. Hy hâlde him dwaande mei ûndersyk nei it Súdlân en krige op seker stuit sels in oktroai foar in ekspedysje fan de Westyndyske Kompanjy (WYK), mar it slagge soan Jacob úteinlik om de reis te meitsjen doe't er it jild garre hie.
Augustus 1721 sette er útein mei de ekspedysje, yn tsjinst fan de WYK. De float bestie út trije skippen: de Arend, de Thienhoven en de Afrikaansche Galey. Earst die er de Falklâneilannen oan, dy't er 'Belgia Australis' werneamde. Hy sylde om Kaap Hoarn hinne de Grutte Oseaan op. Hy besocht de Juan Fernandez eilânnen en op 5 april 1722 (peaskesnein) ûntduts er Peaske-eilân. Dêr trof er 2000 oant 3000 bewenners oan. Fia de Tuamotu-Arsjipel, de Genoatskipseilannen en Samoa farde er nei Batavia (no Jakarta). Dêr waard er lykwols fêstset om't er it monopoalje fan de FEK trochbrutsen hawwe soe. De FEK waard letter twong om him frij te litten, syn skea te fergoedzjen en de bemanning har lean te beteljen. Yn 1723 kaam Roggeveen yn Nederlân werom.
Roggeveen publisearre letter diel 4 fan 's Werelds afgod.
Jacob Roggeveen hat twa kear troud west, mar hat gjin bern krigen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jacob Roggeveen - Twee jahrige reyze rondom de wereld met drie scheper (1721) door last v.d.: Nederl Westind, Maatschappen, Dordtrecht 1728.