Falklâneilannen

Ut Wikipedy
Falkland Islands
Flagge fan Falklâneilannen Wapen fan Falklâneilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Falklâneilannen
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Stanley
Steatsfoarm Britsk steatebûn
Gebiet
% wetter
12.173 km²
-­%
Ynwenners 3.140 (2008)
Munt Falklânske pûn (DKK)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 14 juny
Lânkoade FK
Ynternet .fk
Tillefoan 500

De Falklâneilannen (Ingelsk: Falkland Islands, Spaansk: Islas Malvinas) binne in kloft eilannen yn de súdlike Atlantyske Oseaan, op minder as 500 kilometer beëasten Argentynje. De eilannen foarmje mei-elkoar in oerseesk gebietsdiel fan Grut-Brittanje.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

East- en West-Falklân binne de grutste eilannen. Dêrneist binne der noch hûnderten lytse eilannen. Geografysk sjoen hearre Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen net by de Falklands, steatskundich wol. It klimaat fan de Falklâneilannen is kâld en wiet; it reint der in protte en komt nochal oerien mei dat fan de Sjetlâneilannen yn de Noardlike Atlantyske Oseaan. Op de eilannen komme gjin bosken en boulân foar. Goed 99% bestiet út greiden.

It heechste punt is Mount Usborne, in berch fan 705 meter. De kusten hawwe natuerlike ynhammen dy't as haven tsjinje kinne. Ek komme op de eilannen grotten foar.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat der minsken út Jeropa har nei wenjen setten op de eilannen wenne der nimmen. Dat hie faaks te krijen mei it rûge klimaat. In Ingelske seeman, John Davis, ûntduts it eilân yn 1592 mar sette gjin foet oan wâl. Yn 1690 komt John Strong op it eilân; hy ferneamde de eilannen ta oantinken fan de Britske offisier en politikus Viscount Falkland. Yn 1764 kaam der in earste delsetting op it eilân (Port Louis) en waard it in Frânske koloanje. Yn 1766 waard Port Louis ferkocht oan Spanje. Yn 1770 ferklearret Spanje kriich oan Grut-Brittanje. Yn 1771 komme se ta in oerienkomst: West-Falklân wurdt Spaansk en East-Falklân Britsk. Yn 1820 en 1829 komme der Argentynske delsettings op it eilân. De Britten reagje har yn 1833 fan de eilannen foar harren marine. It wie foar de Britten yn de Earste Wrâldkriich harren stipepunt foar de Slach by Falklân wêrby Dútske skepen werom farren fan Aazje nei Jeropa.

Yn 1981 krigen de Falklâneilannen, dy't oant doe ta in kroankoloanje foarme hiene, de status fan 'ôfhinklik gebiet fan 'e Britske Kroan' (crown dependency). Op 2 april 1982 besette Argentynje de Falklâneilannen. Sân wiken letter wienen de Britten te plak om de eilannen werom te feroverjen. De striid duorret oant 14 juny 1982 en de Britten krije de eilannen werom. De Britten hienen lykwols mear skea as dat yn it foar ferwachte wie. Meiïnoar binne der likernôch 1.000 minsken omkommen yn de Falklânkriich. Nei de oarloch waard it bestjoer fan 'e Falklâneilannen yn 1985 yngeand herfoarme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Falkland Islands fan Wikimedia Commons.