Sjetlâneilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flagge fan de Sjetlâneilannen.
Kaart fan de Sjetlâneilannen.

De Sjetlâneilannen (Skotsk-Gaelysk: Sealtainn, Ingelsk: Shetland Islands) binne in eilannekloft yn de Atlantyske Oseaan, noardlik fan de fêstewâl fan Skotlân. De eilannen beslagge in oerflak fan 1.426 km²; it haadeilân Mainland beslacht dêrfan in twa-tredde part. It plak Lerwick op Mainland is it bestjoerlike sintrum fan de Sjetlâneilannen.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De hiele eilannekloft bestiet út likernôch 100 eilannen dêr't fyftsjin fan bewenne binne. Op dy fyftjin bewenne eilannen wenje om-ende-by 23.167 minsken yn 2011, dêr't 17.750 fan op it haadeilân Mainland wenje (2005).

De oare bewenne eilannen binne:

  • Bressay (400 ynwenners)
  • Burra
  • Fetlar (60 ynwenners)
  • Foula
  • Muckle Roe
  • Papa Stour
  • Trondra
  • Unst (806 ynwenners)
  • Vaila
  • Whalsay (sa. 1.000 ynwenners)
  • Yell (sa. 960 inwoners)

By de eilannen yn de Sjêtlânkloft wurde ek rekkene: Fair Eilân yn it suden, en Housay en Bruray yn de Out Skerries yn it easten.

De Sjêtlâns steane bekend om de grutte koloanjes seefûgels dy't er te finen binne. Under oare de seepappegaai en Mallemok briede der yn grutte oantallen. De eilannekloft leit op deselde breedtegraad (60° NB) as de súdpunt fan Grienlân, Kaap Farwel.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de begjin fan de Midsieuwen waarden de eilannen beset troch Wytsingen; de spoaren fan harren oanwezigens binne noch oeral te sjen. Sjetlân waard yn 1472 by Skotlân foege as ûnderdiel fan in keninklike breidskat.

Op de Sjetlâneilannen stean in protte oerbliuwsels út eardere tiden. Alde forten lizze ferspraat oer de eilannen en kinne besichtige wurde. Yn Jarlshof op Mainland is in doarp út de Brûnstiid opgroeven.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Wolfgang Schlick:Die Orkney und Shetland-Inseln : Landschaft und Kultur im Nordatlantik. DuMont, Keulen 1989, 298 siden (DuMont Kultur-Reiseführer) ISBN 3-7701-2174-0
  • Elizabeth Balneaves: The windswept isles: Shetland and its people. Londen: Gifford, 1977. (328 siden)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Sjetlâneilannen – foto, fideo en harktriemmen