Skotsk-Gaelysk

Ut Wikipedy
Skotsk-Gaelysk
algemien
oare namme(n) Gaelic
eigen namme Gàidhlig
lânseigen yn Grut-Brittanje
tal sprekkers 58.000 (2011)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Keltysk
    ● Eilânkeltysk
      ● Gaelysk
        ● Skotsk-Gaelysk
dialekten Galloweechsk †, Heechlânsk, Leechlânsk †, Kanadeesk
taalstatus
offisjele status (gjin offisjele status)
erkenning as
minderheidstaal
Grut-Brittanje:
   ● Skotlân
Kanada:
   ● Nij-Skotlân:
      ● Kaap Bretoneilân
taalkoades
ISO 639-1 gd
ISO 639-2 gla
ISO 639-3 gla

It Skotsk-Gaelysk (Skotsk-Gaelysk: Gàidhlig; Ingelsk: Scottish Gaelic) is in Keltyske taal dy't lânseigen is yn it Britske lânsdiel Skotlân. Nei iuwen fan tebekgong is it taalgebiet no beheind ta de noardwestlike Skotske Heechlannen en de Hebriden, yn it uterste noardwesten fan Skotlân. It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status, mar genietet sawol yn Skotlân as yn in diel fan Kanada (nammentlik Kaap Bretoneilân) erkenning as in minderheidstaal. Neffens gegevens út 2011 wie it Skotsk-Gaelysk doe de memmetaal foar 57.400 Skotten en 350 Kanadezen. It Skotsk-Gaelysk moat net betize wurde mei it Skotsk, dat in hiele oare, Germaanske taal is.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan Skotsk-Gaelysk ferwiist, krekt as de eigennamme fan 'e taal, Gàidhlig, nei de Gaelyske talen. "Gaelysk" sûnder de tafoeging "Skotsk" kin lykwols ek op it nau besibbe Iersk slaan, of op it Manksk, de taal fan it eilân Man. "Skotsk" sûnder de tafoeging "Gaelysk" ferwiist yn 'e regel nei de Germaanske taal dy't yn it Skotske leechlân sprutsen wurdt, of sels nei it Skotsk-Ingelsk, it dialekt fan it Ingelsk sa't dat yn Skotlân praat wurdt.

It taalgebiet fan it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân.
     Skotsk-Gaelysk kearngebiet
     marzjinaal Skotsk-Gaelysk gebiet
     de rest fan Skotlân

Taalbesibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Skotsk-Gaelysk is nau besibbe oan it Iersk, de oarspronklike taal fan Ierlân, en it Manksk, de taal fan it eilân Man, yn 'e Ierske See. Sawol it Skotsk-Gaelysk, it moderne Iersk as it Manksk hawwe har ûntjûn út it Midiersk, en stamje dus ôf fan it Aldiersk. Mei-inoar foarmje dizze trije talen de Gaelyske kloft fan 'e Keltyske talen. In minder nauwe sibskip hat it Skotsk-Gaelysk mei de oare trije noch libbene Keltyske talen, it Welsk, it Bretonsk en it Kornysk, dy't mei-inoar de Brytoanyske taalgroep foarmje. De Keltyske talen meitsje sels wer diel út fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dêr't û.m. ek de Germaanske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen ta hearre, en sa is it Skotsk-Gaelysk dus yn 'e fierte ek besibbe oan it Frysk.

Taalgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it taalgebiet fan it Skotsk-Gaelysk yn it ferline in grut diel fan Skotlân (sij it nea it hiele lân) omfieme hat, is de taal no weromkrongen nei de noardwestlike Heechlannen en de Hebriden, de eilannen foar de Skotske westkust. De measte sprekkers binne tsjintwurdich te finen op 'e Bûtenste Hebriden, de meast noardwestlikste eilannen. Wat fierder oft men nei it easten komt, wat minder oft der Skotsk-Gaelysk sprutsen wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tradisjoneel waard tocht dat it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân brocht wie troch de Gaelen dy't yn 'e sechsde iuw massaal fan Ierlân nei Skotlân ferfearen, en dêr in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk Dalriada. Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin archeologysk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. Argeolooch Ewan Campbell hâldt it der sadwaande op dat mei skipfeart en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske kultuer oan wjerssiden fan it Noarderkanaal ûnderstipe waard.

Oarspronklik moat der yn 'e Midsiuwen in dialektkontinuum west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk, wêrby't it Manksk dan ek wer oansleat by it Skotsk-Gaelysk fan 'e Hebriden. Hoewol't de dialekten oan wjerskanten fan it Noarderkanaal, it smelste part fan 'e Ierske See, no útstoarn binne, toane gegevens fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw oan dat dy dialekten doe noch suver naadleas yninoar oergiene. Pas nei de tolfde iuw ûntjoech it Skotsk-Gaelysk him ta in selsstannige taal dy't net mear ûnderling fersteanber wie mei it Iersk of it Manksk. Troch de politike uny tusken Dalriada en it keninkryk fan 'e Pikten, dy't yn 843 sletten waard, koe it Skotsk-Gaelysk him úteinlik ûntjaan ta de nasjonale taal fan Skotlân, wêrby't it it Piktysk yn it easten en noardeasten en it nau oan it Welsk besibbe Kumbrysk yn it súdwesten ferkrong.

De taalsitewaasje yn Skotlân omtrint 1400.
     Skotsk-Gaelysk
     Skotsk

Sels waard it Skotsk-Gaelysk fan 'e trettjinde iuw ôf stadichoan wer tebekkrongen troch it Skotsk, dat yn dy snuorje fanút syn kearnkrite yn it súdeasten fan it Keninkryk Skotlân syn taalgebiet begûn út te wreidzjen. Oant likernôch 1495 wie it yn Skotlân wenst om it Skotsk-Gaelysk Scottis ("Skotsk") te neamen, wylst it Skotsk fan Inglis of Ynglis ("Ingelsk") hiet. Mar omtrint dy tiid waarden de rollen omdraaid: it Skotsk kaam doe Scottis te hjitten, wylst it Skotsk-Gaelysk fan Erse ("Iersk") neamd waard. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk").

Dy beneaming kaam fuort út it gebrûk fan it saneamde Klassyk Gaelysk troch frijwol de hiele geletterde Skotsk-Gaelysktalige klasse. It Klassyk Gaelysk wie nammentlik in tige behâldende literêre taalfoarm, dy't ek yn Ierlân yn gebrûk wie. Der wie doedestiden dus amper ferskil tusken it skreaune Skotsk-Gaelysk en it skreaune Iersk. Pas doe't it Klassyk Gaelysk yn ûnbrûk rekke – en dat wie iroanysk genôch yn deselde tiid dat men dermei úteinsette om it Skotsk-Gaelysk foar "Iersk" te fersliten – begûn it skreaune Skotsk-Gaelysk eigen literêre foarmen te ûntwikkeljen.

De taalsitewaasje yn Skotlân omtrint 1500.
     Skotsk-Gaelysk
     Skotsk
     Norn

Nei't it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân as hoftaal ôfdien hie, waard it as bestjoerstaal noch lang yn eare holden yn 'e Hearlikheid fan de Eilannen, dy't de Hebriden omfieme. Boppedat wie it de tradisjonele taal fan 'e Heechlânske clans, dy't in rike bardyske tradysje hiene, sadat de Skotsk-Gaelyske literatuer lange tiid fral troch mûnlinge oerlevering bestie. De definitive nederlaach fan 'e clans yn 'e Jakobityske Opstân fan 1745 en de ferfolging dêr't hja neitiid ûnder te lijen hiene, foarme dan ek in grutte klap foar it Skotsk-Gaelysk. Yn 'e njoggentjinde iuw folge in nije klap troch de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances), wêrby't tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun waarden dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep. It grutste part fan 'e ûnteigene en fan har lân ferdreaune clanleden hie gjin oare kar as om te emigrearjen, om yn in nij lân op 'e nij te begjinnen.

In oare tsjinramp wie de Taalwet foar Skotlân, fan 1872, dy't it Skotsk-Gaelysk straal negearre, en derta late dat it generaasjes Skotsk-Gaelysktaligen ferbean waard om harren memmetaal op skoalle te praten. Dy ferfolging gie sa lang troch dat der yn 2015 noch lju yn libben wiene dy't har noch skoan tebinnenbringen koene hoe't se as bern in wan bruien fan master krigen hiene om't se wat yn it Skotsk-Gaelysk seine. Pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn de hâlding foar minderheidstalen as it Skotsk-Gaelysk oer te feroarjen, mar tsjin dy tiid wie de taal al oan 'e râne fan 'e ôfgrûn brocht. De earste skoalle dêr't ientalich ûnderwiis yn it Skotsk-Gaelysk jûn waard, wie de Sgoil Ghàidhlig Ghlaschu ("Skotsk-Gaelyske Skoallen fan Glasgow"), dy't yn 2006 yn 'e Glasweechske wyk Woodside iepene waard.

Taalstatus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status yn Skotlân, al waard ûnder de Wet op de Skotsk-Gaelyske Taal, fan 2005, in regulearjend orgaan foar it Skotsk-Gaelysk oprjochte, de Bòrd na Gàidhlig ("Skotsk-Gaelyske Taalried", ferlykber mei de Fryske Akademy foar it Frysk), mei as úteinlik doel om "derop ta te sjen dat it Skotsk-Gaelysk him ûntjout ta in offisjele taal fan Skotlân, dy't likefolle respekt kriget as it Ingelsk." Tsien jier letter is sa'n offisjele status lykwols noch altyd takomstmuzyk. It Skotsk-Gaelysk wurdt yn Skotlân al erkend as minderheidstaal, en is yn 1997 troch it Britske regear as sadanich opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Yn Kanada hat it Skotsk-Gaelysk ek de status fan erkende minderheidstaal op Kaap Bretoneilân, dat ta de eastlike provinsje Nij-Skotlân heart.

Beweiwizering yn it Skotsk-Gaelysk yn 'e Heechlannen.

Om't der gjin Skotsk-Gaelysksprekkers mear binne dy't it Ingelsk net machtich binne, hat it Britsk Heechgerjochtshôf yn 1982 de útspraak dien dat Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân har eigen taal net yn 'e rjochtseal brûke meie. Under in regeling dy't yn 2009 sletten waard tusken de Skotske en Britske regearings en de Jeropeeske Uny, mei it Skotsk-Gaelysk sûnt formeel brûkt wurde yn kontakten tusken it Skotske regear en Jeropeeske ynstellings. Dêrmei is it Skotsk-Gaelysk lykwols gjin offisjele Jeropeeske taal wurden. Sûnt de 1990-er jierren is men yn 'e Heechlannen en op 'e Hebriden dwaande mei it stadichoan ferfangen fan ientalich Ingelske plaknammebuorden en oare beweiwizering troch twatalich Ingelsk/Skotsk-Gaelyske.

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Skotlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 wiene der doe rom 57.000 (om persiis te wêzen 57.375) memmetaalsprekkers fan it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân. Dat kaam del op 1,1% fan 'e totale Skotske befolking. Nochris likernôch 30.000 oare lju sprieken it Skotsk-Gaelysk as twadde taal, wêrmei't it totale sprekkerstal yn Skotlân op justjes mear as 87.000 minsken útkaam (om persiis te wêzen: 87.056). Mei't dat oantal neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2001 noch op 93.282 lei, wie de taal yn tsien jier tiid 6.226 sprekkers efterútbuorke. Dy tebekgong is it gefolch fan it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes, dy't fierwei de measte Skotsk-Gaelysksprekkers omfiemje; it tal sprekkers fan ûnder de tweintich jier wie yn deselde perioade krekt tanommen.

De ierste sifers op dit mêd datearje út 1755, doe't der noch krapoan 290.000 Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân wiene, dy't dêr 22,9% fan 'e befolking útmakken. Yn 1800 wiene der hast 298.000 sprekkers, mar tsjin dy tiid makken dy noch mar 18,5% fan 'e befolking út, mei't tsjin dy tiid de befolking al flugger groeide as it sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk. Tsjin 1901 wie it sprekkerstal omleech gien oant omtrint 230.000, en yn 1951 wiene der noch mar goed 95.000 memmetaalsprekkers. Fral yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw rekke it mei it Skotsk-Gaelysk dus raar yn it neigean, wylst de twadde helte fan 'e iuw in stadige efterútgong sjen lit, nei 89.000 yn 1971 (wêrûnder trouwens noch 477 minsken dy't gjin wurd Ingelsk sprieken), fia 83.000 yn 1981 en 66.000 yn 1991 nei 59.000 yn 2001.

De fersprieding fan Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

Fierwei de measte sprekkers binne te finen op 'e Bûtenste Hebriden (Skotsk-Gaelysk: Na h-Eileanan Siar), dêr't trochinoar noch 52,2% fan 'e befolking Skotsk-Gaelysk praat, en dêr't it noch in algemiene omgongstaal is. Yn kontrast dêrmei is it yn in grut part fan 'e Heechlannen no hast út 'e iepenbierheid ferballe nei ynhuzich gebrûk, mei't dêr op syn measten mar troch 15% oant 20% fan 'e minsken noch Skotsk-Gaelysk sprutsen wurdt. (Yn it distrikt Heechlannen leit it gemiddelde op 5,4% en yn it distrikt Argyll en Bute is dat 4,0%.) De Binnenste Hebriden hâlde yn dit ferbân de midden mei trochinoar 20% oant 40% Skotsk-Gaelysktaligen. De iennichste gemeente (parish) bûten de Bûtenste Hebriden mei mear as 40% Skotsk-Gaelysktaligen is Kilmuir, yn it noarden fan it eilân Skye, yn 'e Binnenste Hebriden, mei 46%.

Hoewol't it Skotsk-Gaelysk fral in plattelânstaal is, wurdt it yn 'e stêd Inverness noch troch 4,9% fan 'e ynwenners sprutsen. It grutste oanpart fan 'e befolking meitsje Skotsk-Gaelysksprekkers út yn 'e gemeente Barvas, op it eilân Lewis, dêr't likernôch 64,1% de taal noch praat. Op it Skotske fêstelân meitsje Skotsk-Gaelysktaligen it grutste diel fan 'e befolking út yn Ardnamurchan, mei 19,3%. Bûten it eigentlike Skotsk-Gaelyske taalgebiet wurdt de taal ek wol sprutsen yn 'e stêd Glasgow (Ghlaschu) en oare plakken yn it Skotske leechlân, mar dêrby giet it om Heechlânske ymport en har neiteam. Iroanysk genôch is Glasgow it plak dat it heechste absolute oantal Skotsk-Gaelysksprekkers hat fan hiel Skotlân, 5.878 minsken (oftewol 10% fan alle Skotsk-Gaelysksprekkers), mar dat komt inkeld om't it sa'n grutte stêd is, en relatyf sjoen wurdt dat oantal folslein wei yn in see fan oarstaligen.

Bûten Skotlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten Skotlân wurdt it Skotsk-Gaelysk sprutsen yn dielen fan 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân, benammen op Kaap Bretoneilân. Tusken 1745 en 1890 setten har dêr grutte oantallen Skotske ballingen en lânferhuzers op in klútsje nei wenjen, neffens it ferhaal om't it oansjen fan it gebiet har de Heechlannen tebinnenbrocht. Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 wiene der doe sa'n 350 lju yn hiele Kanada dy't it Skotsk-Gaelysk as memmetaal hiene, wêrfan 300 yn Nij-Skotlân. Nochris sa'n 2.000 oare Kanadezen sprieken it Skotsk-Gaelysk as twadde taal, wêrfan't de grutte mearderheid ek yn Nij-Skotlân wenne.

Twatalich komboerd fan it plak Antigonish, yn it Kanadeeske Nij-Skotlân.

Hoewol't de measte sprekkers yn Kanada ta de âldere generaasjes hearre, is der hope dat it Skotsk-Gaelysk dêr oerlibje sil no't it koartby foar it earst ynfierd is as regulier fak op 'e pleatslike skoallen, en it provinsjaal regear fan Nij-Skotlân it behâld fan 'e taal sûnt 2004 ûnderstipet troch it ferlienen fan subsydzjes. Sawol it provinsjale Office of Gaelic Affairs ("Buro fan Skotsk-Gaelyske Saken") as de partikuliere taalorganisaasje Comhairle na Gàidhlig ("Skotsk-Gaelyske Ried fan Nij-Skotlân") krewearje no foar de Skotsk-Gaelyske taal en kultuer yn Nij-Skotlân.

Mei 57.375 yn Skotlân en 350 yn Kanada hat it Skotsk-Gaelysk dus yn totaal krapoan 58.000 memmetaalsprekkers. Fan 'e lju dy't it Skotsk-Gaelysk as twadde taal prate, binne der 30.000 yn Skotlân, 2.000 yn Kanada en fierders noch 1.500 yn 'e Feriene Steaten en 660 yn Austraalje. Mei-inoar komt dat del op 34.000 sprekkers. It totale sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk komt dêrmei op likernôch 92.000 minsken.

Skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alfabet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It alfabet fan it Skotsk-Gaelysk omfettet mar 18 letters:

a, b, c, d, e, f, g, h, i, l, m, n, o, p, r, s, t en u.

De j, k, q, v, w, x, y en z ûntbrekke dus. Yn 'e âldste staveringsfoarm kaam de h likemin foar, mei't dy letter grutdiels de funksje hat om fersêfting fan konsonanten oan te jaan. Yn it ferline waard dan gewoan in punt boppe de fersêfte konsonant setten, mar dy gewoante is yn ûnbrûk rekke, krekt as de oarspronklike nammen fan 'e letters fan it alfabet, dy't yn it ferline allegear nei soarten beammen neamd waarden.

Stavering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk sjoen giet de hjoeddeiske stavering fan it Skotsk-Gaelysk werom op 'e oersetting fan it Nije Testamint, dy't datearret út 1767. Hoewol't skreaun Skotsk-Gaelysk en skreaun Iersk noch altyd gâns opinoar lykje, is der troch de Ierske staveringsherfoarming dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch trochfierd waard, ferwidering tusken de beide talen ûntstien, dy't noch grutter wurden is troch in twadde staveringsherfoarming yn 1957, wêrby't guon stomme letters út it skreaune Iersk eliminearre waarden dy't it Skotsk-Gaelysk noch altyd brûkt. Yn 1981 joech de Scottish Examination Board in stikmannich advizen oer de stavering fan it Skotsk-Gaelysk, dy't sûnt troch it grutste part fan 'e taalmienskip oernommen binne, hoewol't guon wittenskippers har der noch altyd tsjin oankantsje.

Fersprieding fan 'e Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2001.

Fokalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange fokalen wurde oanjûn troch der in klamteken op te setten (à, è, ì, ò, ù). Dêrtroch kin it Skotsk-Gaelysk altyd ûnderskaat wurde fan it nau besibbe Iersk, dat ynstee in skerpteken op 'e lange fokalen set (á, é ensfh.). Net alle lange fokalen wurde yn it Skotsk-Gaelysk lykwols mei in klamteken oanjûn, mei't ek dûbele fokalen lang wêze kinne (ao is bgl. [ɯ:]) en om't it lang oanhâlden fan guon lûden oanjûn wurdt troch de oanbuorjende konsonanten (in u dy't foarôfgiet oan in -nn oan it wurdein of folge troch in trêde konsonant wurdt bgl. útsprutsen as [u:])

Konsonanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De útspraak fan 'e konsonanten wurdt yn it Skotsk-Gaelysk bepaald troch de fokalen dy't deromhinne steane. Saneamde "smelle" konsonanten wurde palatalisearre (d.w.s. foar yn 'e mûle útsprutsen, mei in lyts j-ke derefteroan), wylst "brede" konsonanten neutraal yn útspraak binne of felarisearre (efter yn 'e mûle útsprutsen) wurde. De fokalen e en i binne "smel" en a, o en u binne "breed". De "brede" s (foar a, o en u) wurdt dus útsprutsen as de [s] (fan "sek"), wylst de "smelle" s (foar e en i) útsprutsen wurdt as de [ʃ] (sj fan "sjippe"). Krektlyk wurdt de "brede" t útsprutsen as de [t] (fan "tûk"), wylst de "smelle" t útsprutsen wurdt as de [c] (tj fan "tjems").

De regel foar de stavering is dêrby caol ri caol agus leathann ri leathann ("smel by smel en breed by breed"). Dêrút komt fuort dat in konsonant of konsonantkluster midden yn in wurd dy't folge wurdt troch in i of e ek foarôfgien wurde moat troch in i of e, en as in konsonant of konsonantkluster midden yn in wurd folge wurdt troch in a, o of u, dan moat er ek foarôfgien wurde troch in a, o of u. Dizze regel jout de mooglikheid om alle ûnwissichheid oer de útspraak fan konsonanten wei te nimmen troch in ekstra, net útsprutsen fokaal foar of nei sa'n konsonant of konsonantkluster yn te foegjen. Dat is bgl. dien yn it wurdt slàinte ("proast"; útspr.: [slˠaːɲtʲə], likernôch "slaanjtje"), dêr't in ekstra i ynfoege is dy't net útsprutsen wurdt om dúdlik te meitsjen dat it hjir om in palatalisearre konsonantekluster giet. (Ferlykje it wurd bàta, "boat", útspr.: [paːʰtə], likernôch "pa-te", dêr't soks net dien is om't der gjin sprake is fan palatalisaasje fan 'e -t-.)

It is wichtich om te beseffen dat dizze regel poer jildt om 'e wikseljende útspraak fan konsonanten yn 'e stavering wer te jaan, en gjin inkele ynfloed hat op hoe't de omlizzende fokalen útsprutsen wurde moatte. Om in foarbyld te jaan: meartalsfoarmen wurde yn it Skotsk-Gaelysk werjûn troch it efterheaksel -an oan in haadwurd ta te foegjen, lykas yn bròg ("skoech"; útspr.: [prɔːk], "prôk") -> brógan ("skuon"; útspr.: [prɔːkən], "prôken"). Mar fanwegen de smel-smel-breed-breedregel wurdt de meartalsfoarm stavere as -ean as de lêste fokaal yn it haadwurd in e of i is, lykas yn taigh ("hûs"; útspr.: [tʰɤj], likernôch "toi") -> taighean ("huzen"; útspr.: [tʰɛhən], likernôch "tehhen"). De útspraak fan it efterheaksel bliuwt dus gelyk, ek al feroaret de staveringswize.

In twatalich Ingelsk en Skotsk-Gaelysk boerd by de yngong fan it treinstasjon Queen Street, yn Glasgow.

Foar net-ynwijden is it troch dizze regel gauris dreech om by twa fokalen efterinoar út te figelearjen hokker fan 'e beide oft útsprutsen wurde moat en hokker oft poer om staveringstechnyske redens ynfoege is. As de staveringsregels ienris oanleard binne, is de útspraak fan it Skotsk-Gaelysk oer it generaal lykwols tige foarsisber, salang't men mar net de lûd-neffens-letterregels fan it Ingelsk (of oare Germaanske talen) besiket ta te passen, want dat smyt sûnder mis nuvere resultaten op.

Fierders stiet de c yn it Skotsk-Gaelysk altyd foar de [k] (fan "kat") en nea foar in [s] (fan "sek"). De h komt eins nea allinnich foar, mar wurdt oan in oare konsonant tafoege om dy te fersêftsjen. Sa feroaret de c yn kombinaasje mei h (ch) fan in k-klank yn 'e [x] (ch fan "berch"), wylst de letterkombinaasjes bh en mh útsprutsen wurden as in [v] (fan "weevje"), en ph as [f] (fan "fak"). Ek wurdt th útsprutsen as [h] (fan "hikke"), krekt as sh as dy letterkombinaasje folge wurdt troch in a, o of u (oars is it [ʃ], "sj"). De kluster gh wurdt foar a, o en u útsprutsen as de [ɣ] (g fan "bûge"), mar foar e en i as [j] (fan "jas"), wylst de letterkombinaasje fh hielendal stom is.[1]

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grammatika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Skotsk-Gaelysk hat in funksjoneel systeem fan namfallen, wêrby't haadwurden per namfal fan foarm feroarje, ornaris troch fersêfting of palatalisaasje fan beskate letters of troch it tafoegjen fan in efterheaksel. Der binne twa grammatikale geslachten: manlik en froulik. In lyts tal wurden dat oarspronklik ta it no weiwurden ûnsidige geslacht hearde, kin foar wat betizing soargje, lykas am muir ("de see"), dat yn guon dialekten yn 'e earste namfal manlik is, wylst it yn 'e twadde namfal ferskoot nei de froulike foarm na mara ("fan de see").

Fonology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte dialekten fan it Skotsk-Gaelysk beskikke oer 10 of 11 ûnderskate fokalen, dy't yn 'e stavering allegear mei a, e, i, o en u of mei kombinaasjes dêrfan útdrukt wurde. Fan dizze fokalen komme [a] (fan "ham"), [ɛ] (fan "lek"), [ə] (fan "de"), [i] (fan "wyt"), [ɪ] (fan "pit"), [o] (fan "bok"), [ɔ] (fan "hok") en [u] (fan "rûch") ek yn it Frysk foar. En krekt as yn it Frysk besteane de [ə] en de [ɪ] allinne mar yn koarte foarm, wylst de oaren ek as lange lûden foarkomme. Oars as yn it Frysk komt [e] (ee fan "bleek") net inkeld lang, mar ek koart foar. Dêropta hat it Skotsk-Gaelysk noch twa fokalen dy't yn it Frysk ûnbekend binne: [ɤ] en [ɯ]. De [ɤ] is it net-rûne healsletten efterlûd, dat útsprutsen wurdt as de lange oo fan "rook", mar dan mei de lippen strak holden ynstee fan tute. De skriuwwize foar dit lûd is ai, lykas yn taigh ("hûs"). De [ɯ] is it net-rûne sletten efterlûd, oftewol de lange, mei strak holden lippen útsprutsen û. De skriuwwize foar dit lûd is ao, lykas yn caol ("tin", yn 'e sin fan "net breed"). Hoewol't guon fokalen in sterk nasale klank hawwe, is dat mar komselden betsjuttingsûnderskiedend. Njonken koarte en lange lûden hat it Skotsk-Gaelysk ek noch in njoggental twaklanken en in pear trijeklanken.

De measte Skotsk-Gaelyske konsonanten hawwe sawol palatalisearre as net-palatalisearre foarmen, en teffens omfiemet de taal in ryk systeem fan lateralen (trije kontrastearjende soarten l-en en trije soarten r-en) en nasalen (trije kontrastearjende soarten n-en). Histoaryske sjoen wiene de plofklanken [b], [d] en [ɡ] stimhawwend, mar dy kwaliteit hawwe se ferlern, sadat se no útsprutsen wurde as [p], [t] en [k]. Yn in soad Skotsk-Gaelyske dialekten hawwe sokke plofklanken lykwols harren stim weromwûn troch sekundêre útspraak fia in foarôfgeande nasaal; bgl. doras ("doar"; útspr.: [tɔɾəs], "torres"), mar an doras ("de doar"; útspr.: [ən dɔɾəs], "un dorres"). Yn guon ferstienne útdrukkings wurdt dy útspraak ek yn 'e stavering sichtber, mei't it ferbân mei de oarspronklike wurden ferlern gien is, lykas yn an-dràsta ("no"), fan an tràth-sa ("dit tiidrek").

It ferskil tusken stimhawwende en stimleaze plofklanken mei dan fierhinne weiwurden wêze, mar dochs bestiet der op it mêd fan 'e plofklanken noch in betsjuttingsûnderskiedend ferskil yn útspraak, nammentlik tusken de apiraasjeleaze [p], [t] en [k], en de aspirearre [pʰ], [tʰ] en [kʰ] (dy't folge wurde troch in lytse pufke lucht, in útspraak dy't yn Nederlân bekend is fan it Grinslânske Marthinithoren). Yn wurdmediale en wurdeinige posysje ferskoot de aspiraasje trouwerns nei pre-aspiraasje (wêrby't it pufke lucht dus foar de konsonant komt): [ʰp], [ʰt] en [ˣk].

De Sgoil Ghàidhlig Ghlaschu ("Skotsk-Gaelyske Skoalle fan Glasgow").

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske Skotsk-Gaelysk kin suver better omskreaun wurde as Heechlânsk-Gaelysk, mei't alle Leechlânsk-Gaelyske dialekten no útstoarn binne. Histoaryske boarnen wize út dat de dialekten fan eastlik en súdlik Skotlân in stik behâldender wiene yn harren taalûntjouwing as de dialekten fan 'e Heechlannen en de Hebriden. Ek hjoed de dei noch hawwe de eastlikste dialekten de meast argayske eleminten; sa hawwe yn it dialekt fan eastlik Sutherland de plofkanken [b], [d] en [ɡ] harren oarspronklike útspraak beholden.

It lêste Leechlânske dialekt dat útstoar wie dat fan 'e lânstreek Gallowegen, yn it súdwesten fan Skotlân. Dat Galloweechsk hold it út oant de achttjinde iuw, doe't it úteinlik de striid mei it Skotsk ferlear. Neffens in referinsje yn it boek The Carrick Covenanters, fan James Crichton, soe it doarp Barr, yn 'e krite Carrick, it lêste plak yn it leechlân west hawwe dêr't noch Skotsk-Gaelysk sprutsen waard, al wurdt dêrby net fermeld wannear't dat wie.

Der is gjin bewiis dat der in linguïstyske grins bestie tusken it leechlân en de Heechlannen, dus de oantsjuttings fan Heechlânsk-Gaelysk en Leechlânsk-Gaelysk binne mear geografysk as taalkundich. Ek it Skotsk-Gaelysk dat hjoed de dei noch sprutsen wurde, fariëarret net sa'n protte dat der fan aparte dialektgroepen sprutsen wurde kin, mooglik mei útsûndering fan 'e dialekten fan Arran en Kintyre, dy't wat mear ôfwike fan 'e rest.

Dochs besteane der wol regionale ferskillen, bygelyks oangeande de "smelle" r, dy't op it eilân Lewis hielendal net as in r útsprutsen wurdt, mar ynstee as de [ð] (de stimhawwende th fan it Ingelske this). Oer it dialekt fan Lewis wurdt trouwens faak sein dat it in unyk Skandinavysk aksint hat (en dat strykt mei it feit dat har yn 'e Midsiuwen in soad Noarske Wytsingen op it eilân nei wenjen set hawwe). Fierders hat it Skotsk-Gaelysk sa't dat sprutsen wurdt op it Kanadeeske Kaap Bretoneilân en yn guon oare dielen fan Nij-Skotlân him troch de jierren hinne fanwegen brekme oan kontakt mei it Skotsk-Gaelysktalige diel fan Skotlân ta in dialekt op himsels ûntjûn, dat Kanadeesk-Gaelysk neamd wurdt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pagoeta, Mikel Edoria Morris, et. al., Western European Phrasebook, Hawthorn, 1997 (Lonely Planet), ISBN 0 86 44 25 163.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Resources, op dizze side.