Twadde taal

Ut Wikipedy

In twadde taal, yn taalwittenskiplike publikaasjes faak oantsjut as T2, is in taal dy't net jins memmetaal is, mar dy't men faak al ier yn jins libben oanleart om yn in kommunikatyf ferlet te foarsjen (lykas yn it gefal fan ymmigranten) of om't it ûnderwiis him der spesifyk op taleit om sa'n taal oan 'e skoalbern te learen (lykas yn minderheidstaalgebieten). Sa wurdt yn Fryslân troch frijwol alle Frysktaligen it Nederlânsk as twadde taal sprutsen. In twadde taal kin nea in memmetaal wurde, en wurdt jin nea sa eigen as de taal dêr't men yn grutbrocht is.

Yn Afrika, Oseaanje en it Karibysk Gebiet hawwe in protte lannen de taal fan 'e koloniale machthawwer ta har offisjele taal makke, dy't brûkt wurdt as fiertaal yn it bestjoer, de rjochtspraak, it ûnderwiis en de media. Yn 'e regel giet it dêrby om Ingelsk, Frânsk of Portegeesk, en yn it gefal fan Suriname om it Nederlânsk. Yn sokke lannen wurde safolle lânseigen talen sprutsen, dat der in lingua franca nedich is om 'e ûnderlinge kommunikaasje tusken de linguïstyske groepen te fasilitearjen. De offisjele talen ferfolje yn dat ferlet, en wurde yn dy lannen troch hast de hiele befolking as twadde taal sprutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 299.