Springe nei ynhâld

Noarderkanaal (Britske Eilannen)

Ut Wikipedy
Noarderkanaal
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje tusken Noard-Ierlân en Skotlân
lân Feriene Keninkryk
koördinaten 55°03′N 5°37′W
ûnderdiel fan Skotske See
sifers
maks. lingte ±130 km
maks. breedte ±40 km

It Noarderkanaal (Ingelsk: North Channel; Iersk en Skotsk-Gaelysk: Sruth na Maoile; Skotsk: Sheuch), is de see-ingte tusken it noardeastlike part fan Noard-Ierlân en it súdwesten fan Skotlân, dy't de Ierske See yn suden mei de Atlantyske Oseaan yn it noardwesten ferbynt. Dizze seestrjitte is sa'n 130 km lang en op it breedste plak likernôch 40 km breed. De Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje klassifisearret dit wetter as ûnderdiel fan 'e Skotske See, dy't alle binnenseeën oan 'e westkust fan Skotlân omfiemet.

Yn it suden wurdt it Noarderkanaal begrinzge troch in tinkbyldige line dy't it Skiereilân fan Gallowegen yn Skotlân ferbynt mei Ballyquintin Point yn Noard-Ierlân. De noardlike begrinzing wurdt foarme troch in tinkbyldige line fan Portnahaven, op it Skotske eilân Islay, mei Benbane Head yn Noard-Ierlân. It smelst is it Noarderkanaal tusken it Skotske skiereilân Kintyre en Ballyquintin Point, ntl. 34 km. Unionistyske politisy út Noard-Ierlân lobbye al desennialang by it Britske regear om op dat plak in spoartunnel ûnder it wetter troch oan te lizzen, om Noard-Ierlân better mei Grut-Brittanje te ferbinen. In skatting út 2007 rûsde de kosten fan sa'n projekt op £3,5 miljard.

Histoarysk stie it Noarderkanaal lang bekend as it Ierske Kanaal. Oant yn 'e njoggentjinde iuw wie de smelle see-earm it favorite plak foar kapers om yn tiden fan oarloch de Britske keapfardij oan te fallen. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wie it yn 1778 ek it toaniel fan in gefjocht tusken de Ranger fan 'e Amerikaanske admiraal John Paul Jones, en it Britske oarlochsskip de Drake. It Noarderkanaal wurdt eltse dei trochkrúst troch in grut tal feartsjinsten, dy't Noard-Ierlân mei Grut-Brittanje ferbine. Yn 1953, tagelyk mei de Wettersneedramp yn Seelân, sonk yn it Noarderkanaal de fearboat de Princess Victoria, wêrby't 133 opfarrenden ferdronken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.