Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje
De Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje (International Hydrographic Organization (IHO)) is in ynternasjonale organisaasje dy't yn 1921 oprjochte is. De IHO wie it gefolch fan ynternasjonale konferinsjes en kongressen dy't al sûnt 1889 holden waarden.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It IHO bestiet út lidsteaten (fertsjintwurdige troch de lanlike hydrografyske tsjinsten fan mei tafersjoch fan it International Hydrographic Bureau, mei it haadkantoar yn Monako. It belied wurdt makke troch foarsitters dy't troch de lidsteaten keazen wurde. De taak fan de organisaasje is it oanstjoeren fan de hydrografyske aktiviteit fan de lidsteaten. It IHO hat gjin hydrografyske middels ta syn foldwaan.
It doel fan de organisaasje is "it stipelearjen fan de feiligens fan navigaasje en it beskermjen fan it maritime miljeu" mei help fan koördineare en identike hydrografyske produkten en ûndersiken en it ferbetterjen fan de techniken fan de lidsteaten om dy produkten te meitsjen.
It IHO publisearet Limits of Oceans and Seas, dêr't de grinzen fan de oseanen yn spesifisearre wurde; dat wie al yn 1953[1] Yn 2000 waarden de grinzen fan de Súdlike Oseaan offisjeel fêstlein en oare saken by de tiid brocht.
Frânsk en Ingelsk binne de offisjele talen fan de organisaasje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|