Seepappegaai

Ut Wikipedy
Seepappegaai
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Alkfûgels (Alcidae)
soarte
Fratercula arctica
Aai fan de seepappegaai

De seepappegaai (Fratercula arctica) is in 30 sm grutte fûgel út de famylje fan de alkfûgels. Hy is goed wer te kennen oan syn swartwite fearren en syn snaffel yn fel read, giel en swart.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seepappegaai briedt yn koloanjes oan de Atlantyske kusten, de eastkust fan Noard-Amearika, op Yslân en op de Jeropeeske Atlantyske kust. Bûten de briedtiid swalkje se op de see om wêrby't se wol fierder nei it suden sakje.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seepappegaai yt meastentiids fisk. Hy kin tagelyk fisken fange en festhâlde yn syn snaffel. Sa kin hy wol mear as tsiin fiskjes tagelyk meinimme.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seepappegaai is in hoalebrieder dy't briedt yn koloanjes. Hy brûkt wol besteande hoalen, mar meastentiids graaft hy sels in hol fan wol in meter djip. De yngong wurdt somtiden troch meardere famyljes brûkt. It nêst oan it ein fan de gong is beklaaid mei gers, planten en fearren. Dêr leit it wyfke ien sa'n 7 sm grut aai. Dit aai wurdt yn 35 dagen útbret.