John Davis (ûntdekkingsreizger)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
John Davis

John Davis (Stoke Gabriel (Devon), oktober 1550 - by Bintan, 29 desimber 1605) wie in Ingelsk seefarder en ûntdekkingsreizger.

Noardwestlike Trochfeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Davis sette fan Dartmouth ôf, op 7 juny 1585, op'e siik nei de Noardwestlike Trochfeart, mei twa skippen, de Sunshine en de Moonshine (ûnder William Bruton). Hy berikte Grienlân, sylde om Kaap Farwol en folge de westkust oant Gilbert Sound (by Godthaab/it Nuuk fan no), dêr't er kontakt mei Inuit hie. Hy stiek oer nei Baffinlân, by Exeter Sound, en dêrnei folge er de kust nei it suden oant Cumberland Sound. Oer Grienlân fear er werom nei Dartmouth, dêr't er op 30 septimber oankaam.

Yn 1586 makke Davis in twadde reis mei gelikense bestimming en doel. Hy sette op 7 maaie út Dartmouth ôf mei fjouwer skippen (de Mermaid, de Sunshine ûnder Richard Pope, de Moonshine en de North Star). Op 60°N waard de float yn twaën dield. De Sunshine en de North Star fearen nei it noarden troch Strjitte Denemarken oant se yn it pakiis fêst kamen te sitten. De Sunshine sylde dêrnei noch om Kaap Farwol nei Gilbert Sound dêr't er Inuit moete ear't werom nei Ingelân fearn waard.

Davis sels, mei de Mermaid en de Moonshine, gie streekrjocht nei Gilbert Sound, en dêrnei noardoan de eastkust fan Grienlân lâns oant 67°N, dêr't it iis him tsjinhold. De Mermaid gie dêrnei werom nei Ingelân; Davis gie mei de Moonshine westoan nei Baffinlân, dat er berikte by Kaap Walsingham. Hy folge de kust fan Baffinlân en Labrador nei it suden oant Cape Porcupine (Kaap Stikelbaarch) en tocht dat de Hamilton Inlet faaks in seestrjitte nei it westen ta wêze koe.

Yn 1587 makke Davis syn tredde reis nei dy kontreien. Ut Dartmouth wei sette er op 20 maaie mei trije skippen ôf, de Elizabeth, de Sunshine en de Helen, en sylde diskear linea recta nei Gilbert Sound. dêrwei gie Davis mei allinne de Helen fierder, de oare tw askippen waarden nei it suden stjoerd om te fiskjen. Davis folge de kust fan Grienlân rjochting noarden oant Svartenhuk (72°N), en fear dêrnei nei it westen, kaam dêrby yn it iis fêst te sitten, mar berikte úteinlik by Henry Kater-skiereilân (69°N) de kust fan Baffinlân. Hy sylde súdoan, ferkende Cumberland Sound en fernaam de streaming yn Hudsonstrjitte.

De East[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Davis soe gjin fierdere ûndersikingen nei de Noardwestlike Trochfeart mear ûndernimme, mar yn stee dêrfan besocht er fia mear gongbere rûtes de East te berikken. Yn 1588 die er mei yn de striid tsjin de Spaanske armada en yn 1590-1591 besocht er yn'e mande mei John Sanderson (as earste Ingelsman) fia de rûte om Kaap de Goede Hoop Yndië te berikken, mar dat mislearre.

Yn 1591-1593 fear Davis oan board fan de Desire fan Thomas Cavendish mei by dy syn besylkjen om foar de twadde kear de wrâld te omsilen. By de kust fan Patagonië rekke er de rest fan de float kwyt, en doe't it him net slagge de oaren werom te finen, sylde er de Atlantyske Oseaan op en seach er grif as earste de Falklâneilannen en jildt dêrom as ûntdekker fan dy arsjipel.

Yn 1598 die Davis mei mei de ekspedysje fan de Nederlanner Cornelis de Houtman nei Ynje. Cornelis waard yn Atjeh fermoarde en syn broer Frederik waard finzen naam. It slagge Davis, dy't better oerwei koe mei de sultan fan Atjeh, dat de Houtman beskuldige waard fan spionaazje (foar de greve fan Esseks) en koe mei twa oaren, in Ingelsman en in Frânsman, it skip te pakken te krijen en te ûntkommen. Se foeren nei de Nikobaren, dêr wei werom nei Kaap de Goede Hope en lang om let nei Middelburch dêr't se yn july 1600 oankamen.

Yn 1601-1603 foer Davis fannijs nei de East, diskear yn de ekspedysje fan James Lancaster, en yn 1604 nochris ûnder Edward Michelbourne. By dy lêste reis sneuvele er ûnder Bintan (Sumatra) yn in konflikt mei Japanse piraten.

Utfiner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Daviskwadrant

Hy wie de útfiner fan de backstaff en de dûbelde kwadrant (de Daviskwadrant), navigaasjeynstruminten foar breedtebepaling, dy't noch populêr by Ingelske seelju bleaune oant fier nei de yntroduksje fan de Hadley's reflecting quadrant.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]