Kaap Farwol
Appearance
Kaap Farwol (Ingelsk: Cape Farewell, Grienlânsk Uummannarsuaq) leit op 59° 46′ 28″ noarder breedte en is dêrmei de súdlikste punt fan Grienlân. De kaap leit op it eilân Eggers, ûngefear op de breedte fan Oslo en de Sjetlâneilannen. Dat is súdliker as bygelyks Helsinki en Sint-Petersburch.
De wetters om Kaap Farwol jilde al sûnt de Midsieuwen as tige gefaarlik om reden fan stoarmen en driuwiis. De kaap waard yn 1585 troch de Britske werûndekker fan Grienlân, John Davis, omsile en Cape Farewell neamd.
Under de Twadde Wrâldoarloch waarden dêr in protte skippen te sink brocht, sawol alliearde skippen as ek Dútske U-boaten (ûnderseeboaten). Yn de Slach om de Atlantyske Oseaan die de kaap sadwaande syn namme letterlik "eare" oan.
-
Kaap Farwol (midden op de foto)
-
Suden fan Grienlân mei Kaap Farwol