East-Falklân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lokaasje
Hûs op East-Falklân

East-Falklân (of East Falkland) is it eastlike haadeilân fan de Falklâneilannen. Op it eilân lizze ûnder oare de haadplak Stanley en de delsetting Goose Green, dêr't yn de Falklânoarloch fan 1982 fûleindich fochten is. It eilân hat in oerflakte fan 6760 km² en der wenje goed 2200 minsken (2001).

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

East-Falklân wurdt fan West-Falklân skieden troch de Falklân Sound. It súdlike part fan it eilân, dat troch in lâningte ferbûn is mei it noardlike part, stiet bekend as Lafonia.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare delsettings op it eilân binne:

Der lizze twa ynternasjonale lofthavens op East-Falklân: ien by Port Stanley, de oare by Mount Pleasant, dêr't ek it Britsk legerkamp leit.