West-Falklân
Appearance
West-Falklân is it westlike haadeilân fan de Falklâneilannen. It grutste plak op West-Falklân is Port Howard.
It eilân hat in befolking fan likernôch 200 minsken dy't meast ferspraat oan de kust wenje. Neist Port Howard binne der noch de flekken: Albemarle, Chartres, Fox Bay, Fox Bay West, Hill Cove, Port Stephens en Roy Cove. De delsettings binne middels wegen mei elkoar ferbûn.
Yn de Falklânoarloch fan 1982 is op West-Falklân amper fjochte. Op it heden binne der twa RAF Reporting Posts: ien by Mount Alice (tichteby Albemarle) en ien by Mount Byron yn it noarden.
It eilân hat in oerflakte fan 5413 km². West-Falklân wurdt fan East-Falklân skieden troch de Falklân Sound.