Fjoerlân

Ut Wikipedy
Fjoerlân
Provinsjehús yn Ushuaia
Ynboarlingen fan Fjoerlân groetsje de Beagle, it skip fan Charles Darwin, yn 1832

Fjoerlân (Tierra del Fuego yn it Spaansk) is in arsjipel (eilannegroep) oan de súdlike ein fan Súd-Amearika. Fjoerlân is ek ien fan 23 provinsjes fan Argentynje. It bestiet út in haadeilân fan 48 km² en ferskate lytse eilantsjes, yn totaal 73 km². Yn 1881 waard it gebiet ferdield tusken Argentynje en Sily.

De namme is betocht troch Ferdinand Magellaan (1480-1521). Hy wie de earste Jeropeaan dy't troch de letter nei him ferneamde seestrjitte fear en fjurren op de eilannen baarnen seach.

Kaap Hoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike punt fan de arsjipel is Kaap Hoarn, dêr't de Nederlânske ûntdekkingsreizgers Willem Cornelisz Schouten en Jacob le Maire op 26 jannewaris 1616 as earsten omhinne fearen. Sy ferneamden de kaap nei de stêd Hoarn, it berteplak fan Schouten. Yn it Spaansk is dat ferbastere ta Cabo de Hornos ('Kaap fan de ûne', nei alle gedachten beynfloede troch de namme Fjoerlân).

It gebiet is foar it grutste part begroeid mei toar gers, dêr't allinnich skiep har mei fiede kinne. Fierders is it lânskip tige rûch mei marren, rivieren, gletsjers en izige bergen. De rivieren hawwe in soad forel, salm en út en troch bevers. Op de rotsige kliffen binne ek pinguïns en seeliuwen te sjen.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haadstêd is Ushuaia, de meast súdlike stêd op de wrâld. De grutste stêd is lykwols Río Grande mei goed 80.000 ynwenners, ek de hurdst waaksende stêd fan Argentynje. Río Grande is op it stuit de ekonomyske wichtichste stêd fan Fjoerlân.

Tolhuin is in doarp mei 1382 ynwenners en leit oan in mar.

Natoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]